Klún & Knoffelhakke mei Dikke Maten yn Damwâld

Damwâld

It nije programma ‘Dikke maten’ fan teaterduo Klún & Knoffelhakke út Hantum, gie op 16 septimber 2017 yn premjêre. Sûnt dy earste offisjele útfiering is it programma al wer rûnom yn Fryslân spile wurden. It programma is tige goed ûntfongen en it smyt nei elk optreden altiten wer in protte fleurige reaksjes op.

Op 3 febrewaris oansteande spilet it duo harren nije programma yn de Krúswei yn Damwâld. De muzyk op dizze jûn wurdt fersoarge troch Timeless. In moaie gelegenheid om it duo as de dikke maten ris yn aksje te sjen. Want as jo al fanôf 1994 tegearre op ‘e planken steane, dan kin it hast net oars as jo binne echte dikke maten wurden… Mar… Hoe moatte wy dit eins lêze? Wat bedoelt it duo mei dikke? Sille wy dat dan mar oan de taskôgers oerlitte? De programma's fan Klún & Knoffelhakke litte harren it bêste omskriuwe as typkesteater, wêryn it publyk ek net fergetten wurdt. Klún & Knoffelhakke besykje der in show fol mei nuvere typkes en frjemde foarfallen fan te meitsjen. En dochs is der in reade tried, mar besykje dy tusken alle wille troch mar ris te finen… Dikke maten is alwer de achtste show fan it Hantumer teaterduo. Al hast 25 jier witte se oeral dêr't se komme de fleur deryn te hâlden. Ek mei dit nije programma sil dat fêst wer slagje, want dat is it duo harren doel: de minsken in noflike jûn besoargje. Lekker laitsje... Kaarten à €15,00 kinne besteld wurde fia de webside fan it teaterduo: www.klun-knoffelhakke.nl as fia de webside fan de Krúswei https://www.dekruisweg.nl Mar belje mei ek: (0519) 571810

Auteur

jkommerie