Tryater spilet Wat jo wolle yn Westergeast

Dokkum

 Akteurs Lourens van den Akker, Nynke Heeg, Aly Bruinsma en Ali Zijlstra spylje yn de nije Tryaterfoarstelling Wat jo wolle. In moderne revu mei in soad humor en faasje dêr’t rap yn skeakele wurdt tusken emoasjes en sketskes. “Wy wolle it publyk in âlderwetsk moaie jûn besoargje.” De nije foarstelling fan Tryater, Wat jo wolle, spilet op woansdei 29 novimber yn MFC De Tredder yn Westergeast. Kaarten binne te keap fia tryater.nl, 0511-442860/0511-442502 of kaartferkeap@gmail.com.

Jo kinne it sa gek net betinke of it sit yn dizze komyske foarstelling: fan sênes oer de Twadde Wrâldoarloch, oant gedichten op de Ofslútdyk. Fan in hilaryske klucht oant in prachtige musikal. Ien ding is wis: jo hoege jo net te ferfelen en geane mei in noflik gefoel nei hûs ta.

Ynspirearre troch alle opfettingen en ideeën fan it publyk sykje de fjouwer akteurs op in komyske manier nei de yngrediïnten foar de ideale teaterjûn. As út in toverdoaze wurde de sênes delsetten. En as it oan ús leit, komt dy ferlotting der ek. It wurdt in jûn dêr’t de winsken fan it publyk sintraal stiet. Want… ús grutste prestaasje is jim ferdivedaasje. De fraach bliuwt: slagget it om elkenien te jaan wat er wol?

Regisseuse Tatiana Pratley oer de foarstelling: ‘Wat jo wolle giet foar my oer hoe yngewikkeld it wêze kin dat wy minsken allegearre wat wolle, en hoe't it de muoite wurdich bliuwt om, nettsjinsteande dat gegeven, mei elkoar te sykjen nei in manier om by inoar te kommen. Ik bin fan betinken dat elke wize fan besykjen yn wêzen de muoite wurdich is. Net allinne it besykjen om in ideale teaterjûn foarm te jaan, mar ek it stribjen nei in ideale foarm om mei elkoar te libjen'.

Akteurs yn Wat jo wolle binne Lourens van den Akker, Aly Bruinsma, Nynke Heeg en Ali Zijlstra. Sacha Zwier is ferantwurdlik foar de foarmjouwing, de musyk wurdt fersoarche troch Hilbrandt en Nina Thunnissen is de dramaturch fan Wat jo wolle.

Tryater spilet dizze hjerst ek Elkenien is in prutser. Sjoch foar in kombikoarting, alle ynfo, ekstra aktiviteiten en kaarten op Tryater.frl.


Auteur

jkommerie