Optreden fan Grytsje Kingma yn de Menniste tsjerke fan Damwâld

DAMWALD

Sjongeres, trûbadoer en tekstskriuwster Grytsje Kingma skriuwt en sjongt har eigen Fryske lieten en treedt dermei op yn Fryslân en somtiden dêrbûten. Se begeliedt har sang meastentiids op gitaar. De teksten binne mei te lêzen op de beamer en sfearfolle bylden illustrearje dêrby ek de lieten, in moaie ienheid fan klank en byld. Soms nostalgysk, faak gefoelich, bytiden mei in knypeach.

Se hat nau gearwurke mei dichter/oersetter Atze Bosch. Der stean twa cd’s op har namme, “Wjerlûd” en “Wytfear” en een liettekstenbondel, “Tûzen dagen”. Fierder hat se meiwurke oan ferskate oare muzykprojekten.

De Fryske taal leit har nei oan it hert en de rykdom fan it Frysk bringt se yn har teksten en suvere sang ta utering: Fryske folksmuzyk dy’t it hert rekket!

Snein 12 novimber om 15.30 oere yn de “Fermanje”, Doniawei 34, Damwâld.


Auteur

Redacteur