Earrebarren yn Kollumersweach

Kollumerzwaag

Sûnt 2009 stiet der in earrebarrenêst yn de tún fan de famylje de Boer yn Kollumersweach.

Yn de ôfrûne jierren hat it nêst út en troch bewenne west troch û.o. in frijfeint-earrebarre en ferline jier troch in stel jonge earrebarren dy ’t doe foar it earst twa aaien útbret hawwe. Spitigernôch binne de jongen doe troch it wiete en kâlde waar ferstoarn. Mar dit jier liket it te slagjen. Want no hat in spantsje earrebarren in stel jongen grut brocht. It pearke is yn maart 2017 delstrutsen op it nêst yn de eftertún fan de famylje de Boer. Sy hawwe trije jongen krigen wêrfan ien jong ferstoarn is. De oare twa hawwe it wol swier hân troch it minne waar yn maaie, mar hawwe it oant no ta oerlibbe. Underwilens kinne se sels fan en nei it nêst fleane. It sil noch wol in pear wiken duorje ear’t de jongen mei harren âlden nei Afrika trekke. Mochten der minsken wêze dy ‘t witte of ‘t der yn it ferline earrebarren bret hawwe yn Kollumersweach, dan soe de famylje de Boer dit graach witte wolle. Jo kinne kontakt opnimme fia: 0511-449336. Verslag: Sjoerd & Grytsje de Boer Foto´s: Erik Visser

Auteur

jkommerie