Fryske Foarlêswike 6 o/m 9 juny: Foarlêze yn it Frysk oan pjutten

Leeuwarden

 Goed 600 foarlêzers sille fan 6 o/m 9 juny rûnom yn ’e provinsje foarlêze oan goed 12.000 pjutten. It tema is dit jier ‘Tomke troch it jier’. De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep.

Fryske Foarlêswike Oeral yn Fryslân wurdt yn de Foarlêswike foarlêzen yn it Frysk oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Der wurdt foarlêzen troch pakes en beppes, troch heiten en memmen, mar der binne ek bekende Friezen dy’t harren ynsette foar de Fryske Foarlêswike, sa as yn Achtkarspelen. Boargemaster Gerbrandy lêst foar op woansdei 7 juny fan 9.30 – 11.00 oan twa groepen op it pjuttboartersplak “It Krobbehiem” yn Surhústerfean. Yn Tytsjerksteradiel komt Boargemaster Gebben tongersdei 8 juny, 10.00 oere nei “De Bistebus” yn Burgum. Wethâlder Doeke Fokkema lêst foar op tongersdei 8 juny om 9.30 oere by “Poppestien”yn Burgum. Wethâlder Houkje Rypstra giet op tongersdei 8 juny om 10.00 oere nei berneopfang “Nei ‘t Sin” yn Gytsjerk. De Stellingwerven en it Bilt lêze foar út it Tomke boekje yn harren eigen taal. En fansels wurdt der ek wer foarlêzen op Skiermûntseach yn it Eilanders De organisaasje fan it projekt wurdt droegen troch frijwilligers en kriget mei dêrtroch strukturele subsydzje fan de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert.

Auteur

jkommerie