‘Lûnatik’: in stik foar in noflik jûntsje út

Broeksterwâld

Wa’t it stik ‘Lûnatik’, dat freedtejûn yn ‘De Pipegael’ yn Broeksterwâld syn premiêre belibbe, sjocht, hoecht syn holle net by it ferhaal te hâlden om alles te begripen wat de spilers fan de toanielploech ‘It moat kinne’ op it aljemint bringe.

It is nammentlik foaral praat fan minsken dy’t net goed by de holle binne en dy’t har eigen rigels fan de logika folgje. It giet om de bewenners fan it psychiatryske sikehûs ‘Sinnestriel’, fjouwer geastlik siken en ien ynbylde sike. Wat dizze minsken allegear tinke, sizze en dogge, stiet net los fan de sûne minsken om har hinne, in direkteur, in suster, in stazjêre kreative terapy en twa meiwurkers fan de omrop. Ien en oar smyt yn dit op de eartiids troch de VPRO útstjoerde bernesearje basearre stik tige aparte dialogen en monologen op, dêr’t smaaklik om lake wurde kin. Yn de troch Tjerk Kooistra oersette teksten komme de spilers fan de gewoane rollen wat minder sterk nei foaren as dy fan de geastlik siken, mar sy kinne ek sjoen wurde as de oanbringers fan de grappen dy’t de oaren ôfmeitsje moatte. Dy oaren binne in majoor, dy’t op alles mei heal-Dútske oarlochstaal reagearret, frou de Haas, dy’t mei messen swaait, gjin praat oer har lingte hearre wol en de wurden ‘Hawwe we net, dogge we net, kinne we net oankomme’ foar yn de mûle hat, Bep, dy’t hieltyd op de eroatyske toer giet, Fats, dy’t net fan iten ôfbliuwe kin en………….dokter Doolittle. Dokter Doolittle, in glânsrol fan Jacob Wietse Hansma, wie ea bistedokter mar práát (de klam leit yn it stik op it ferkearde wurd) no inkeld noch oer bistkes. En krekt in bist soarget der foar, dat ‘Sinnestriel’ net sletten wurde sil, lykas earst de plannen binne. It bist ûntsprút út it kreative brein fan de pasjinten. Sy kinne net allinnich goed mei klaai omgean as in frjemdsoartich krystferhaal betinke, nee, sy kinne folle mear. It is regisseur Sander Kalsbeek, dy’t betocht hat om dat allegear fêstlizze te litten yn in dokumintêre fan Omrop Fryslân. Wat de omrop net fêstleit, binne de rjochtop steande bêden, dêr’t de minsken alle jûnen wer mei de klean oan – wer binne de piama’s? – ynstappe. De bêden(omdraaid binne it kasten) meitsje mei in tafel foar it iten en it klaaien en in direkteurskantoar it hiele dekor út fan dit stik ‘foar in noflik jûntsje út’. TEKST RENNIE VEENSTRA

Auteur

jkommerie