Froukje de Haan 30 jier oargeliste

Ee

Fjirtjin jier wie Froukje de Haan út Burgum doe’t se frege waard om yn Nieuw-Toutenburg de tsjinsten yn de kapel te begelieden. Sa begûn se op 8 febrewaris 1987 as ien fan fêste oargelisten yn de kapel. No, 30 jier fierder, is de kapel net mear yn gebrûk en it oargel ferpleatst nei de rekreaasjeseal. It tal bewenners is hurd tebek rûn omt in grut part fan de ynstelling ôfbrutsen is. Mar oargelspylje yn de sneinstsjinsten docht se noch altyd, no al wer 30 jier. Dêrneist spilet se ek foar fêst yn Ie en gauris yn Holwert.


Auteur

jkommerie