Burgemeesters lêze foar op Fryske basisskoallen

DOKKUM

Burgemeester Marga Waanders, burgemeester Wil van der berg, burgemeester Sicko Heldoorn, oud-gedeputeerde Bertus Mulder en noch in hiele protte oaren, sille op moandei 10 oktober foarlêze op in Fryske basisskoalle. Oanlieding is: Duorsumensdei/ Dag van de Duurzaamheid en de Berneboekenwike. Der wurdt in Frysk ferhaal: “In bysûndere pake” foarlêzen. Yn Noardeast Fryslân dogge sa’n 50 skoallen mei. Under de foarlêzers binne pakes en beppes mar ek steateleden, wethâlders en riedsleden fan de 6 gemeenten yn Noardeast Fryslân.  

It ferhaal ‘In bysûndere pake’ slút oan by it tema fan de berneboekewike: 'Opa en Oma, voor altijd jong'. It ferhaal giet oer de pakesizzer fan keunstskilder Jopie Huisman. In jonkje dy’t krekt as syn pake, bûten omstrúnt, skatten siket en de wrâld en de natuer ûntdekke wol. It oarspronklike ferhaal fan Berber van der Geest, is bewurke troch Janneke de Boer. De yllustraasjes binne makke troch Vera Damhuis. Nei it ferhaal giet de foarlêzer mei de bern yn petear oer hoe’t dingen sûnder wearde wer wearde krije kinne. Krekt dat die keunstner Jopie Huisman ek. Eltse foarlêzer sil nei ôfrin in bysûnder kado útdiele: in knikkerttegel fan op ‘e nij brûkt Frysk plestik. De unike tegel heucht de bern bliuwend oan it belang fan ôffalskieding en it op ‘e nij brûken fan grûnstoffen.  

Auteur

jkommerie