O.b.s. It Holdersnêst opnij sertifiseare as trijetalige skoalle

DE HARKEMA

O.b.s. It Holdersnêst is krekt wer sertifiseare as trijetalige skoalle en dat is fierd yn Nederlânske, Fryske en Ingelske styl.  

Trijetalich betsjut, dat der njonken it Nederlânsk ek oandacht is foar it Frysk en it Ingelsk. De Nederlânske, Fryske en Ingelske taal wurde net allinne as fak jûn, mar ek as fiertaal foar oare fakken brûkt. Der binne dúdlike ôfspraken makke oer wannear’t de ferskillende talen oan bod komme. De skoalle is fêstige yn de provinsje Fryslân. Foar in grut diel fan de bern jildt, dat Frysk de memmetaal is. As skoalle wol It Holdersnêst dêrby oanslute, want in goede behearsking fan de memmetaal hat in posityf effekt op de ûntjouwing fan de taalfeardigens yn de twadde taal. Boppedat hat meartalichheid in positive ynfloed op it kognityf funksjonearjen. It stribjen is de learlingen sa goed mooglik ta te rieden op in hieltyd ynternasjonaler wurdende maatskippij. Njonken de Fryske taal is der dêrom oandacht foar it Ingelsk. Ek kennis fan Europa en ûnderfining mei lânnen om ús hinne binne fan belang. O.b.s. It Holdersnêst is dêrom grutsk op de fernijde 3TS sertifisearing.

Auteur

Marike Van der Molen