Wyld West op ‘e Harkema

DE HARKEMA

De bern fan groep 8 fan ’t Holdersnêst út Harkema kinne werom sjen op in tige slagge útfiering fan harren ôfskiedsrevu. De seal fan 'De Klok' siet grôtfol.

De bern namen it publyk mei nei in doarpke earne yn 'the Wild West', dêr ’t it libben al jierrenlang teistere wurdt troch in fete tusken twa fan oarsprong Fryske famyljes.De boargers hawwe skjin harren nocht der fan, mar boargemaster en sherrif sitte mei de hannen yn ’t hier en binne by lange nei net opwoeksen tsjin it ivige getsier . Dan ferskynt by tafal in wol hiel bekende held dy’t rapper sjit as syn skaad. Hy strykt del yn it doarpke om’t hy skûlje moat foar in opkommende sânstoarm. Him wurdt frege te helpen by it oplossen fan it konflikt. Hy is eins ûnderweis mei in al like bekend , of better sein, berucht steltsje boeven, dy’t oer in pear dagen foar it gerjocht ferskine moatte. Dat hy hat it eins net oan tiid, mar beslút dochs, ûnder lichte twang, de helpende hân ta te stekken. Tegearre mei de twa jongste telgen fan de stridende famyljes (dy’t it no krekt wol goed mei elkoar fine kinne) en de twa âldste mannen en hjir en dêr mei wat list en bedroch, soarget hy der úteinlik foar dat de beide famyljes tenei wer troch ien (saloon) doarke kinne. Nei ôfrin wie der foar de bern in iepen doekje. Dik fertsjinne, want net allinnich spilen en songen hja de stjerren fan de himel, ek waard it dekor en in grut part fan de attributen troch de bern sels makke.

Auteur

Marike Van der Molen