Twa boargemasters lêze foar út Tomke

DOKKUM

De ôfronne wike is der yn hiel Fryslân op sawol pjutteboartersplakken as bernedeiferbliuwen foarlêzen yn it Frysk oer Tomke. Ek yn Dongeradiel is folop foarlêzen troch û.o. heiten, memmen, pakes , beppes en elk dy ’t it Frysk in waarm hert ta draacht. Op pjutteboartersplak Madelief yn Dokkum gie it wol hiel bysûnder om en ta: freedtemoarn kaam boargemaster Waanders dêr, tegearre mei de berneboargemaster fan Dongeradiel, Chloë Monsma.

Beide ha foarlêzen oan de pjutten út it Tomke-boekje. Chloë har ferhaaltsje gie oer “disko-dûnsjen” en se hie ek noch mesyk meinommen! De pjutten ha mei nocht lústere nei de ferhaaltsjes en fûnen it prachtig dat se dernei ek noch dûnsje en springen mochten op de mesyk. Juf Fimke traktere op dúmkes. Dat hie se hiel goed betocht, want in dúmke is dochs in tomke? Kreklyk as Tomke út it ferhaaltsje! Oan ‘e ein fan it feest wie der foar eltse pjut in Tomke-boekje om mei nei hûs te nimmen.

Auteur

Marike Van der Molen