Ternaard MC1 wint foar tredde kear oprige KNVB beker

DE JOUWER

 De froulje fan MC1 binne sneon foar de tredde kear oprige kampioen wurden fan de KNVB beker Noord Nederland. Yn in bus binne se ôfstutsen nei De Jouwer mei tsientallen supporters.

Troch trije wedstriiden te winnen fan De Sweach MC2, 1-0 doelmakster Marrit Sijens, SJO WTTC/Udiros MC1, 0-1 doelmakster Marrit Sijens en SJO ZVC '14 MC1, 1-0 doelmakster Linda Post, mei Ternaard MC1 foar de tredde oprige de beker fan de KNVB oannimme. De supporters libbe mei de froulje mei. Sa rûn it soms sa heech op dat ien fan de supporters efkes te plak setten waard troch de skiedsrjochter. De ontlading wie grut doe de fluit gie by de lêste wedstriid. In moaie ôfslúter fan it seizoen foar de trener en de lieders mar foaral foar de froulje. Foto's: Bote Sape Schoorstra.

Auteur

Marike Van der Molen