Tûzenste boek fan Afûk is foar bern yn Ferwert

FERWERT

  De Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje (Afûk) hat tongersdei yn Ferwert de tûzenste útjefte presentearre. It boek Skelte wol in skelter ha is in oarspronklik Frysk printeboek, skreaun troch Joke Scheffer en yllustrearre troch Anna Sikkes. Wethâlder Jaap Hijma krige it eerste eksimplaar út hannen fan Afûk-direkteur Koen Eekma.

In hichtepunt wie foar de bern fansels dat de haadrolspiler út it boek de jonge foks Skelte, sels ek lâns kaam op in skelter en de bern fertelde oer syn spannende aventoeren. Alle bern út groep 2 fan de basisskoallen yn Ferwerderadiel krigen it boek oanbean troch de gemeente. Mei dit ynisjatyf makket dy gemeente in aktyf Frysk taalbelied alle jierren dúdlik mei in boek en de aksje Jou in bern in boek is organisearre om it Frysk lêzen te stimulearjen. Foto: Bram Buruma

Auteur

Marike Van der Molen