Teater- en muzykselskip ‘Hy en Sy’ spilet yn ‘De Krúswei’ yn Damwâld

DAMWALD

‘Hy en Sy’ presintearret de Frysktalige muzykfoarstelling ‘Alles op Oarder’. Op sneon 23 april spilet it selskip de foarstelling yn ‘De Krúswei’ yn Damwâld.

As ôfskie fan Friesland Bank dy’t twa jier lyn oernaam waard troch Rabobank, skreau âld-wurknimmer Hette van der Wal it muzikale programma ‘De Toscaanse Kapel’. Mei kollega’s, wêrûnder Damwâldster Greetje Wiersma, freonen en famylje hat er dit yn besletten kring sjen en hearre litten oan syn (âld)kollega’s. It waard in grut sukses en dêrom hat in oantal fan dizze minsken besletten om de wrâld yn te gean mei in nij programma foar in grutter publyk. Mei de komst fan it nije programma ‘Alles op Oarder’ waard de namme fan it selskip berne: Hy en Sy. Yn dizze formaasje wurde Hette van der Wal (teksten, spyljen en sjongen) en Greetje Wiersma (spyljen en sjongen) muzikaal begelaat troch Bert Ponjee (gitaar), Jelmer van der Wal (basgitaar), Piet Commandeur (akkordeon) en Klaas de Jong (slachwurk). ‘It is tiid om de souder ris goed op te rêden. Der leit fierste folle âlde rommel dêr boppe. Mar in souder opromje is noch sa maklik net. Dêr moat goed oer neitocht wurde, want mjitte is witte. Alles sil no op oarder en werom nei de basis. En tink der goed om, want foardatst it witst bringt dat âlde guod dy werom nei it ferline en dêr hat net ien wat oan!’ ‘Alles op Oarder’ is in muzykfoarstelling oer de feroarings yn de hjoeddeiske maatskippij en wat dy feroaringen mei ús dogge. Mei nije teksten op bekende meldijen en ferhalen oer nostalgy en feroaring bringt ‘Hy en Sy’ it publyk yn ekstaze. De regy fan de foarstelling is yn hannen fan Wouter van der Wal. It publyk wurdt fan herte útnoege om op 23 april mei de sjongers en spilers fan ‘Hy en Sy’ de souder op te rêden. De foarstelling begjint om 20.30 oere. Kaarten ad. € 12,- per persoan kinne reservearre wurde fia de webside fan ‘De Krúswei’ (http://www.dekruisweg.nl/), mar kinne ûnder iepeningstiden ek ôfhelle wurde oan de Haadwei 42. Ek binne de kaarten te keap by Primera Van der Weg yn it winkelsintrum fan Damwâld.

Auteur

Marike Van der Molen