Omrop Fryslân op De Tarissing yn Rinsumageast

Dokkum

‘Tsjek, sjoch en ûntdek!'    

RINSUMAGEAST - Wat wie it freed in drokte op De Tarissing’ yn Rinsumageast. De minsken fan it programma Tsjek wienen der. Tsjek is in programma fan Omrop Fryslân foar de boppebou. Raynaud besiket basisskoallen yn Fryslân en yn elke útstjoering stjit der in tema sintraal. Dizze kear wie dat ‘De krimp’ omdat Rinsumageast leit yn de gemeente mei de grutste krimp. Foar de de bern wie it moai om mei te meitsjen, omdat se der wol fan leard ha, dat it meitsjen fan in programma net sa simpel is. De opnames moatte hiel faak oer. Dochs wiene de bern hiel professioneel en dienen by de achtste take like enthousiast as by de earste take. Der binne opnames makke op it plein en yn de groepen 4, 7 en 8. Ek dienen de bern fan dizze groepen mei oan’e scrabblebattle. Mei in skippybal wurde der letters oerbrocht nei de oare kant. Fan dy letters moat in wurd makke wurde. De wurdploech: Reitse Sikke, Jolienke, Siegrid, Wiebe Rienk, Nynke Louise en Iris dienen it bêst. Mar ferjit ek net de skippyballers: Jorrit, Petra, Martijn, Mette, Jelmer en Jurna. It wurd dat makke is wie: ‘Bekje’ en dat wie goed foar 22 punten. Skande foar basisskoalle ‘De Wâlikker’ mar mei it wurd fan De Tarissing komme sy boppeoan te stean. Dernei wie it tiid foar it sjongen fan it Tsjek-liet. Mei Raynaut op de gitaar slagge dat tige goed. It wie hast 12 oere en doe stie alles der pas op. Kommende wike is de útstjoering op tillefyzje. It Tsjek- liet: ‘Australië is fier en Afrika waarm, Sjinezen ha bami, Saoudi’s in harem. Mar nergens is’t moaier as hjir by ús thús, foar dreamen en winsken hoechst echt net fier fan hús. De Geast is de bêst, de Geast is de bêst'.

Auteur

Marike Van der Molen