TOSTA-keunstners binne bekend

MARRUM

  De TOSTA-keunstners binne bekend: Ierske keunstner Dara McGee komt nei Fryslân en Fryske keunstner Aukje Schaafsma giet nei Cornwall.

De Ierske keunstner Dara McGee komt nei Fryslân. Yn de perioade maart- april sil de keunstner fiif wiken wurkje oan in performance keunstwurk fanút de âlde suvelfabryk yn Marrum. Hy sil ûnder oaren ûndersyk dwaan nei de maritime skiednis fan Fryslân en wol dy skiednis op in hiel eigen wize ferbyldzje troch dûns, sjongen en byldzjende keunst. Fanút Fryslân sil keunstner Aukje Schaafsma fiif wiken yn Cornwall wurkje. Har plan 'Grûn' bestiet út in fideo performance ynstallaasje wêrby't de sân minderheidstalen dy't meiinoar oparbeidzje yn it TOSTA-projekt sintraal stean. De einwurken sille toand wurde op it reizgjend TOSTA-festival dat fan maaie oant en mei septimber by de sân gearwurkjende TOSTA-regio's delgiet en fan 1-4 septimber de Admiraliteitsdagen yn Dokkum oandwaan sil. De seis oare regio's binne: Galisië, Wales, Ierlân, Skotlân, Baskelân en Cornwall. TOSTA hat trije doelen: it fieren fan it taalferskaat en de kulturele diversiteit fan dizze mienskippen, it befoarderjen fan kulturele útwikseling tusken dizze regio's en it fersprieden fan de wearden fan it DSS2016 projekt. It TOSTA-projekt is in projekt fan San Sebastian/Donostia Kulturele Haadstêd 2016 dêr't de Afûk ien fan de partners yn is. Mear ynformaasje oer Tosta is te finen op: www.tosta2016.eu.

Auteur

Marike Van der Molen