Vriendenkring fan Feanwâlden spilet de Feanwâldsterhúsfroulju’s ferzje fan Mac Beth

FEANWALDEN

Toanielferiening Vriendenkring fan Feanwâlden is drok dwaande mei harren toanielstik foar dit winterskoft, 'De Feanwâldsterhúsfroulju ’s ferzje fan Mac Beth'.

It bûn fan plattelânsfrouljú fiert tongersdei harren fyftichjierrich bestean. Spesjaal foar dit bysûndere jubileum spilet de feriening wat oars as oars en sil der tongersdeitejûn in eigen produksje fan Macbeth foar it fuotljocht brocht wurde. Koartsein, der stiet in soad op it spul en neat mei der misgean. Mar wat no as de flok fan Macbeth om de hoeke sjocht? Vriendenkring spilet dit winterskoft mei harren nije headsets. Dit is mooglik makke mei stipe fan P.W. Janssen ’s Friesche Stichting, Maatschappij tot nut van het algemeen, Prins Bernhard Fonds, Gemeente Dantumadiel en Doarpsbelang Feanwâlden / Feanwâldsterwâl e.o. Op 5, 6, 13, 19 en 20 febrewaris binne de útfieringen jûns om 20.00 oere yn café it Dûke-Lûk op Feanwâldsterwâl. En sneintemiddei 14 febrewaris om 15.00 oere. Info kaarten: 0511-472083.

Auteur

Marike Van der Molen