De KAT spilet blijspul ‘Klontsjes’

Kollum - It Kollumer Amateur Toniel spile op freed- en sneontejûn yn De Colle it blijspul ‘Klontsjes’ fan Jan Schokker. It tonielstik sit fol humor, kompetysje, spanning, gedichten en klontsjes.

Trije kear in date foar Atze Dimmen. Moai fansels, mar sa betiid hie er se net ferwachte. En dan bringt ien fan de dames ek noch in bern mei dat net fan harsels is. Boppedat hat it bern in boadskip mei: ‘As heit liet hy it ôfwitte, dan moat hy it as pake mar sjen litte’. Resjersjeur Bokke Jansma, broer fan ien fan de dates’s, moat helpe om it riedsel fan de poppe op te lossen. Dat docht er op syn eigen bokkige wize.

Foto’s Sake Beerstra