Kritetoaniel Bûtenpost spilet “It twadde haadstik”

BUTENPOST - Op de sneontenjûnen 2 en 9 maart bringt De Fryske Krite fan Bûtenpost de foarstelling ”It twadde haadstik” fan Neil Simon. Op de planken fan The Point sjogge wy: Klaas Jansma, Arnold Jan Ruisch, Greetje Klaren en Else Kiers. Regy Tineke Broers.

It stik:

Skriuwer Joris Schneider is nei 12 jier houlik syn grutte leafde Tine ferlern. It kostet him muoite om de tried fan it libben wer op te pakken. Broer Leo helpt wêr’t hy kin, mar is sels ek net frij fan tûkelteammen yn syn eigen houlik. En boppedat is it gêrs foar him oeral griener as thús. Aktrise Annie Geerts is krekt skieden fan har fuotballer Guurt en besiket yn har nije flatsje ek de regy fan har eigen libben wer te pakken te krijen. Kollega-aktrise en freondinne Bi docht bot har bêst om Annie by te stean en har yn de kunde te bringen mei oare mânlju. Sels twifelt se lykwols ek oan har houlik. Dan kruse de paden fan de libbens fan dizze fjouwer minsken mekoar. Is harren in nije leafde gund? Of moatte se noch efkes trochwrakselje foardat se oan ‘It Twadde haadstik’ fan harren libben ta binne.

In blijspul mei ynhâld, skreaun troch de bekinde Amerikaanske toanielskriuwer Neil Simon.

Oanfang: 20.00 oere, seal iepen 19.00 oere.