De KAT spilet: „Klontsjes’’

KOLLUM - Op freedtejûn 8 maart en sneontejûn 9 maart 2019 om 20:00 oere spilet de KAT it stik “Klontsjes”. In blijspul, yn trije bedriuwen, skrean troch Jan Schokker.

It tonielstik wurd spile yn de Colle yn Kollum, de seal is iepen fanôf 19:30 oere.

Koarte inhâld:

Trije kear in date foar Atze Dimmen. Moai fansels, mar sa betiid hie er se net ferwachte. En dan bringt ien fan de dames ek noch in bern mei dat net fan harsels is. Boppedat hat it bern in boadskip mei: ‘As heit liet hy it ôfwitte, dan moat hy it as pake mar sjen litte’.

Resjersjeur Bokke Jansma, broer fan ien fan de dates’s, moat helpe om it riedsel fan de poppe op te lossen. Dat docht er op syn eigen bokkige wize.

In tonielstik fol mei humor, kompetysje, spanning, gedichten en klontsjes.

Spilers: Jeffrey Greven, Annet Dijkstra, Els Hoekstra, Maaike Terpstra, Pieter Haaksma en Renske Beets. Rezjy: Jaap Haaksma. Rezjy-assistent: Marijke Lanting.

De foarferkeap begjint op 20 februari by “Hilboezen Poelier” en “Tabak en Lectuurshop Hoekstra”. Telefoanysk reservearje kin tusken 18:30 en 20:00 oere op telefoannûmer: 0511 – 453972. Kaarten kostje op freedtejûn € 8,00 p.p. en op sneontejûn € 10,00 p.p. Foar groepen/buertferienigings mei mear as 25 persoanen jildt in priis fan € 7,00 p.p.