‘It Moat Kinne’ weaget him oan ‘De Gouden Swipe’

BROEKSTERWALD - Draverijen mei hynders beskriuwe yn in boek as fêstlizze yn in film, is hiel goed te dwaan, mar byldzje soks mar ris út yn in toanielstik!

Toanielferiening ‘It Moat Kinne’ fan Broeksterwâld doart it dit jier lykwols oan. En dan ek nochris binnendoar. Yn doarpshûs ‘De Pipegael’ wurdt yn maart nammentlik it stik ‘De Gouden Swipe’ spile.

It is basearre op it ferneamde boek mei deselde namme fan Abe Brouwer, skreaun yn 1938, dêr’t Steven de Jong yn 1996 in film fan makke.

As toanielstik joech Roel Klijnstra(1942) fan De Gordyk it yn 1986 foarm en mei de tekst dêrfan gong regisseur Evert Rijpma fan ‘It Moat Kinne’ oan it wurk.

Rijpma, dy’t earder rollen spile by it selskip en ferlyne jier rezjyassistint wie, hat dizze kear in ridlik grutte spilersploech ta syn foldwaan en ek genôch minsken foar de omballingen. Der hie noch wol in figurant by kinnen, mar dêrsunder sil it ek wol slagje.

Figuranten binne nedich foar de kafeesênes en spylje in wichtige rol by it draverijpublyk.

Dat publyk is ûnder oaren oanwêzich yn sêne tweintich, dy’t in tige spannende race sjen lit, mei boer Douwe Ates Wallinga fan de pleats ‘It Frijhôf’ by Hantum op it hynder Marja.

It is perfoarst gjin maklike sêne, om’t der gjin hynder oan te pas komt en it publyk it hiele barren suggerearje moat.

‘Jimme moatte jim allegear goed de ‘kijkwave’(deselde rjochting útsjen as jo buorman/-frou) eigen meitsje, sei Evert Rijpma op in repetysjejûn, ‘oars is de saak folslein ûnoannimlik.’

Nei dizze sêne waard oefene op sêne fiif. Dy spilet him ôf yn in kafee, dêr’t men op ‘e tekst is oer Ate Douwes Wallinga.

Ate kin it alhiel net mei heit Douwe fine en de striid tusken har wurdt ûteinlik ûtfochten by de draverij om de Gouden Swipe yn Ljouwert.

It stik giet fansels net allinnich oer hynders en har beriders. Nee, ek oer froulju, de leafde, notabelen en arbeiders.

De klassetsjinstelling om 1930 hinne wurdt hiel moai beljochte troch klean en skuon/klompen en it dekor lit in fernuftich gehiel sjen fan in pleats, in kafee en in stik bûtendoarromte.

In komyske ynbring hat de tubaspiler, dy’t mei syn maat(akkordeon) muzyk makket yn it kafee as by de drafbaan. Wat sis ik, muzyk makket??? Hy poetst it ynstrumint foaral en jout hjir en dêr in lûde gjalp.

As de muzikanten net spylje, figurearje se. Benammen op it it natuerlike figurearjen fan eltsenien is Evert Rijpma och sa fûl. Wa’t gjin tekst hat, kin ik bytiden noch swierder hawwe as immen mei in grutte rol.

Wa’t it spannende ferhaal fan ‘De Gouden Swipe’ meibelibje wol, kin kaarten bestelle op www.itmoatkinne.nl.

De foarstellings fan 1, 2, 8 en 9 maart binne ûtferkocht. Foar 16, 22 en 23 maart binne der noch kaarten beskikber.

RENNIE VEENSTRA