Steven de Jong steekt alles in Stuk

DRACHTEN - De nieuwe film Stuk van de Friese regisseur Steven de Jong speelt zich af in Fryslân. Als fan van de Scandinavische cinema heeft hij geprobeerd aan te sluiten op die noordelijke sfeer. ,,Dêr past it Fryske lânskip perfekt by.'' Stuk gaat op 11 juni in première.

Tekst en foto's: Fokke Wester  Stuk is een thriller over een meisje dat op school wordt gepest. De Jong bewerkte voor de film de gelijknamige roman van Judith Visser. ,,Dat boek slacht dy midden yn'e freet en sa is de film ek. Ik wie der sels ferbaasd oer hoe heftich as it úteinlik wurden is, it is echt in film mei in rau rântsje.'' Het boek van Visser levert het verhaal, maar de film volgt de tekst niet letterlijk. ,,Judith wie fantastysk, dy snapte dat. Sy sei: doch mar watst tinkst dat goed is. Ik krige alle fertrouwen.'' De Jong verplaatste de actie van een grote stad naar Fryslân, zodat hij ook de tegenstelling stad/platteland kon tekenen. Verder liet hij een ontvoering plaatsvinden in een leegstaande zuivelfabriek. ,,Yn it boek wurdt it slachtoffer yn in kelder lein, mar wat kinst dêr as filmmakker no mei? No hie'k dat âlde fabrykje fan Morra, dat wie in geweldige rûmte.'' Eerste hoofdrol Jackie van Parijs speelt de hoofdrol van het meisje Elizabeth, dat op school wordt gepest, omdat ze anders is. De 20-jarige Rotterdamse was vorige week in Drachten aanwezig bij de voorpremière in De Bios. Jackie van Parijs speelt voor het eerst een hoofdrol. ,,En ik hoop dat er meer komen. De film is heftig, maar het spelen was dat ook. Het was allemaal behoorlijk fysiek, je wordt op de grond gegooid en zo. Al die acties zijn echt. Nee, ervaring met pesten heb ik zelf niet. Ook niet als dader, al moet ik bekennen dat ik me wel eens als meeloper heb gedragen. Daar had ik best wel een schuldgevoel over.'' Het is belangrijk dat er films als Stuk worden gemaakt, vindt Van Parijs. ,,Het is nu weer even heel actueel, maar dat blijft het. De boodschap is ook om op te letten, om te kijken naar de signalen. In de film zijn er een paar personen die het zien, maar die laten zich heel gemakkelijk met een smoes afpoeieren. Filmen in Friesland was leuk. Sneek vond ik een leuk dorpje, al was dat platteland in de winter wel heel erg grauw.'' Bân oant de dea Steven de Jong speelt zelf een minieme rol in de film, meteen in het begin. En verder is ook de onvermijdelijke Rense Westra weer te bewonderen als rechercheur. ,,Dat is in bân sûnt myn earste film, De Gouden Swipe. Dat bliuwt sa oant ús dea.'' Steven de Jong werd bekend met films als Snuf de Hond, Kameleon, de Hel van '63 en Boerenliefde. Stuk is een behoorlijke trendbreuk met dat voorgaande werk, dat hij zelf omschrijft als familiefilms. ,,Leuk foar bern, mar ek foar de âlders. Ik ha altyd films makke dy't ik sels ek graach sjen woe, dêr't âlders mei de bern nei ta kinne. En ik woe der sels ek wille oan belibje. It binne myn berntsjes, ik stean der noch foar de folle 100 persint achter. Mar de lêste tiid sjoch ik in protte Skandinavyske films en searjes, lykas Borgen en Millennium. Ik bin der gek op, foaral The Killing. Dat is echt it bêste dat ik yn jierren op tv sjoen ha. Ik ha besocht om dêr mei Stuk yn sfear en kleurstelling op oan te sluten.'' Meer Steven In Stuk zit meer Steven de Jong dan in zijn vorige elf films, zegt hij. Alleen al financieel heeft hij flink ingeleverd. ,,Dit haw ik foar in grut part sels betelle. Alles wat wy der mei ophelje stopje wy werom yn film, dus as it net oanslacht, bin ik eefkes klear mei filmjen. Der moatte dochs wol in pear hûnderttûzen kaartsjes ferkocht wurde om út 'e kosten te kommen. As ik posityf tink, dan is 200.000 ûngefear it gemiddelde besikersoantal fan myn films, mar dat is miskien net hielendal reëel.'' ,,Ik krij net in euro fan it Filmfonds en dêr wurd ik wolris flau fan. In Alex van Warmerdam krijt wol sân of acht ton. Ik wit net wêr't it oan leit, miskien kom ik te min yn de grachtegordel. Mar dêr bin ik wars fan, dan fiel ik my ûngemaklik. It heart om de film te gean, net om de persoan. Stuk is in relevante film, dy stiet sá yn it no en it ûnderwerp is sá aktueel. De film Kenau hat seis miljoen koste, mar der kamen mar 40.000 minsken op ôf. It seit allegear neat.'' Vlees noch vis In het verleden waren er wel eens te veel partijen die mee moesten praten en dat leidde tot een aaneenschakeling van compromissen. Dat is nu niet het geval, zegt De Jong.  ,,Begjinst sa'n film foar dysels, mar dan krijst te meitsjen mei omroppen, finansiers, produsinten en oar folk en elk wol syn plas der oerhinne dwaan. Dizze akteur moat der yn, want dy lûkt folk, dizze scêne moat der út, want dy mei net op tv. Sa giet it mar troch. Dêrom siet Boerenliefde grôtfol BN'ers. Der binne wol acht partijen by belutsen en dy sette allegear de hakken yn it sân. Dat giet altyd ten koste fan de kreativiteit, want wat der dan oerbliuwt, is faak vlees noch vis.'' ,,Fansels bin ik ek in kommersjele lul, ik wol ek kaartsjes ferkeapje, mar ik wurd mei de jierren hieltyd dwerser. Net dat ik de wiisheid yn pacht ha, mar ik bin wol de ienige dy't der fan it begjin ôf kontinu mei dwaande is. Lit my dan! Ik hie in distributeur foar Stuk, mar dy fûn dat der wat feroarje moast. No, dan mar net. Dit is myn earste film dy't echt kompromisloas is, dit is de film sa't ik him meitsje woe, meitsje moast. As ik dan dochs op myn bek gean moat, dan mar hielendal. '' Yn balâns Zelfs het meespelen van Yolanthe Sneijder-Cabau was niet een compromis, vertelt Steven de Jong. Twee jaar geleden had hij al met haar afgesproken dat ze een keer samen zouden werken. ,,En ik hie no in moaie meid noadich, simpel. En sy spilet better as dat ik tocht hie, dêr is neat mis mei. Ik fyn it nijsgjirriger om mei jonge ûnbekende akteurs te wurkjen, mar troch Yolanthe komt myn film wol yn Boulevard en yn alle kranten. Kinst it wol sûnder namme dwaan wolle, mar dy publisiteit is wol hiel belangryk. Mar it moat wol yn balâns bliuwe en yn oare films is it wolris trochslein.'' De Jong werkt nu vooral met jonge acteurs en nam ruim de tijd om hen voor te bereiden. Vier maanden lang repeteerde hij met de jeugdige cast en daarna volgden twintig draaidagen. ,,Ik wie hjir sa oan ta. Ik ha tsien jier by Van den Ende wurke en by De Mol. Dan wie it in kwestje fan: dit is it kader en dêrbinnen moatst it der útwringe. Sân oere klear is sân oere klear. Krijst gjin tiid om de djipte yn te gean, mar dêr haw ik wol in enoarme dissipline fan meikrigen.'' Pater Titus ,,Ik bin in ferhale-ferteller, in herhelling fan setten fyn ik net sa nijsgjirrich. Ik sykje hieltyd nei projekten dêr't ik sels ek waarm fan wurdt. Ik ha al wer genôch ideeën foar nije films. Yn myn kast steane wol tolve ordners te wachtsjen. As ik in idee ha, wurkje ik dat út mei myn fêste skriuwer Dick van den Heuvel, dy kin echt hiel hurd wurkje. Sa binne wy no dwaande mei in film dy't foar in part yn Iran spilet, in leafdesferhaal, dy soe ik hiel graach meitsje. Mar ek Spaak, de roman fan Paul Rood, soe ik graach oppakke. Dat giet oer de kombinaasje fan hurdfytse en drugssmokkel, dus ek oer doping. En ik wol wat dwaan mei Pater Titus.'' ,,It tilt op fan de skripts, wy binne allinnich wanhopich op syk nei finânsjes. Sels wurdt ik der noait ryk fan, mar dat kin my neat skele. It giet my net om in swimbad by myn hûs. Soks boeit my net. Ik ha net iens in swimdiploma.''