Schrijver Ferdinand de Jong wil ook gelezen worden

BOORNBERGUM - Ferdinand de Jong treedt op meerdere manieren in de voetsporen van Rink van der Velde. Niet alleen heeft hij de afgelopen vier jaar al vier Friese boeken uitgebracht, ook is hij voorzitter van Stifting Tsjil, de nieuwe sutelaksje die in september de verkoop van Friese boeken weer een nieuwe impuls moet geven.

Tekst en foto's: Fokke Wester  Rink van der Velde was vanaf de jaren zestig tot aan zijn overlijden in 2001 de best verkochte Friese schrijver. Hij sprak een groot publiek aan en was daarnaast ook zakelijk. Zo stond hij aan de wieg van zowel uitgeverij Friese Pers Boekerij als de Sutelaksje, waarvoor vanaf 1975 elk najaar honderden vrijwilligers met kruiwagens vol Friese boeken langs de deuren gingen. In die paar weken werd steeds voor tonnen aan boeken verkocht. Grutte foarbyld Ferdinand de Jong vindt het mooi dat hij wordt vergeleken met Rink van der Velde. ,,Mar dat sil ik sels noait dwaan. Yn syn wize fan skriuwen is Rink wol myn grutte foarbyld. Moai Frysk en altyd ticht by de minsken. Ik haw alle boeken fan him en syn De Fûke is it bêste wat ik oait lêzen ha. Dêr stiet no echt net in wurd ferkeard of te folle yn.'' ,,Mar ik soe it sels net doarre om my mei him te fergelykjen. Ik wie wol hiel wiis mei de Rink van der Veldepriis, dy't ik yn 2012 wûn ha. Dy priis is bedoeld foar tagonklik Frysk wurk foar in breed publyk en dat is presiis wat ik meitsje wol. As ik ien priis winne mocht, dan it leafst dy, leaver noch as de Gysbert Japikspriis. Dus dy nominaasje wie al in hiele eare, dat ik him doe ek noch wûn, dat wie geweldich.'' Vierde boek Ferdinand de Jong presenteert vanavond in dorpshuis 't Bynt in zijn woonplaats zijn nieuwe roman Bedoarne Hannel. Het is zijn vierde boek, na Guozzeflecht (2010), It Dak Fan De Wrâld (2011) en De Lêste Trúk (2012). In het nieuwe boek keren vier hoofdfiguren uit zijn debuutroman terug: privédetective Jan, zijn maat rechercheur Libbe de Boer en de Finnen Karen en Jari. Het verhaal gaat over de verdwijning van een meisje, de dochter van de ex-vrouw van Jan, die ontvoerd blijkt te zijn voor de vrouwenhandel in Zuid-Europa. ,,Ik wie gek mei de personaazjes fan myn earste boek, dy pasten my sa goed. Ik hie it gefoel dat ik dêr noch net klear mei wie. En noch net, it soe samar in hiele searje wurde kinne. Ik wit hoe't se binne, ik hear se praten, it klikt gewoan. It is suver in soarte fan firtuele famylje wurden. Dy Jan hat net iens in achternamme, mar dat is noch noait ien opfallen. Ik soe sels ek net witte hoe't er hjit, echt net. It soe sels kinne dat er op in stuit samar in achternamme krijt, ik wit it net. Yn bepaalde sitewaasjes soe it dochs wolris noadich wurde kinne, liket my.'' Ferfilme Het spannende verhaal is de laatste jaren populair. Op televisie zijn avond aan avond politiemensen bezig met het oplossen van moorden en verdwijningen. Dat zorgt niet voor een devaluatie van de politieroman, vindt De Jong. ,,Krekt oarsom, ik bin der sels ek gek op, foaral dy Ingelske en Skandinavyske ferhalen. Ik soe it prachtich fine as myn boek ek ferfilme wurde soe.'' ,,Ik haw it ferhaal eins ek opset as in film, mei ôfwikseling fan sênes. It wie foar my echt in eksperimint om it sa te skriuwen. Guon sênes binne hiel koart, yn ien gefal sels net mear as ien rigel. It is hast in skript, it kin wat my oangiet sa ferfilme wurde. Myn earste boek wie in rjochte line, fan A nei Z. Dit springt hinne en wer en dat is my hiel goed befallen, it wurdt der echt spannender fan. '' In het buitenland Alle vier romans van Ferdinand de Jong spelen zich gedeeltelijk af in het buitenland. In Bedoarne Hannel komen scènes voor in Albanië. Voor die uitstapjes bereidt de schrijver zich terdege voor. ,,It kin gjin kwea om ek ris bûten Fryslân te sjen. Ik lês my hiel goed yn en bestudearje de lânskippen op Google Earth. Ik wit presiis hoe't de achterbuert fan dat plak yn Albanië der út sjocht, ik wit hoe't it dêr libbet.'' ,,Foar Guozzeflecht haw ik skreaun oer Ruslân. In frou yn tsjerke frege my letter wannear't ik der west hie. Sy hie der sels ek west en it wie presiis sa as yn myn boek. No, grutter komplimint kinst fansels net krije. Ast sa lang op in plak omstudearrest, krijt it dy ek yn 'e besnijing. Ik sjoch noch alle dagen eefkes wat it waar docht yn Norilsk, de meast fersmoarge stêd op ierde, dêr't Guozzeflecht him ôfspilet. Sa bot dûkst yn sa'n ferhaal.'' It doarp en de stêd  Waar de scènes in Friesland zich afspelen laat De Jong in het midden. ,,Ja, ik ha der sels wol in byld by, mar ik hâld it mar neutraal op it doarp en de stêd. By de persoanen haw ik ek wol in byld. As sa'n figuer foar dysels in gesicht en in karakter krijt, kinst dy der ek better yn ferpleatse.'' ,,It skriuwen sels hat my in goeie moanne koste, mar doe hie ik der al in hiel skoft op om prakkisearre. Ik bin as zzp'er ferantwurdlik foar it behear en ûnderhâld fan fjouwer tsjerkhôven, twa yn Drachten en dy fan Boarnburgum en Koartehimmen. Ik wurkje altyd allinnich en dan hast tiid genôch om te tinken en te fantasearjen. Sa ûnder it meanen wei kinst in hiel ferhaal opsette.'' Sydpaad ,,Doe't ik begûn te skriuwen, wist ik presiis wêr't ik hinne moast, al komt it dan noch wolris foar dat der skriuwendewei in sydpaad ûntstiet en it ferhaal eefkes in oare kant út giet. Dat fyn ik krekt it moaie fan skriuwen, sa wurdst sels ek nochris ferrast. Yn elk boek sitte wol dingen dy't ik fan tefoaren noait sa betocht hie. Dochs hâld ik mysels reedlik strak yn'e hân. Ik ha wol leard dat te folle bysaken der foar soargje datst de tried kwyt rekkest. Dat boartlike fan it hiele proses, dat is alle kearen wer in feestje. Fan skriuwen wurd ik ek net wurch, it jout my krekt enerzjy.'' De Jong schuwt de maatschappelijke problemen niet. In het jongste verhaal komen drugsdealers voor en illegale abortusklinieken. ,,It boadskip is dúdlik: de wrâld is net altyd like leuk en aardich, de ellinde sit soms hiel tichtby. Ik wol de minsken ek oan it tinken sette. Jo kinne wol de safolste selfie op Facebook sette, mar ik jou oan: dit komt ek foar. Ik fyn dat der hiel wat ferkeard giet yn de maatskippij en dêr wol ik bêst wol kritysk oer wêze. Net allinnich yn myn boeken, mar ek yn myn blog en yn de columns dy't ik skriuw. Der binne miskien wol hûnderten oaren dy't dat ek fine, mar ik skriuw it op. Wêrom? Wêrom dogge dy oaren it net? Ik fyn dat it sein wurde moat.'' Flow ,,Dy boeken skriuw ik ek omdat ik fyn dat der mear Frysk lêzen wurde moat. Fan it lêzen fan boeken, mar ek kranten, wurde minsken wizer. As jonkje fûn ik it al prachtich om mysels te ferliezen yn sa'n ferhaal. Fierder skriuw ik ek omdat it gewoan prachtich moai wurk is om te skriuwen. Der is wol in bepaalde rêst foar noadich. No't ik it sa drok ha mei Tsjil, kom ik net oan skriuwen ta. In column giet noch wol, mar in lang ein net. It skriuwt dochs it lekkerst ast in skoft yn sa'n flow trochwurkje kinst. Dêrom skriuw ik ek altyd by't winter, dan leit it túnwurk praktysk stil.'' ,,It is it lekkerst as it hiele ferhaal der yn ien kear útjoetst. It moat earst klear, dan pas komt it besjen en behoffenjen. Myn frou lêst it earst, om te sjen oft it wat is. Dan giet it nei de útjouwer en mei dy syn krityk bewurkje ik it nochris. Op in stuit, ast hast foar de fjirde kear de hiele roman trochgiest, dan kinst wol mislik wurde fan dyn eigen teksten. By myn debút moast der noch fan alles feroare wurde, mar by myn lêste boeken is der eins net in letter mear feroare. Learst fansels ek hieltyd better Frysk skriuwen.'' Op stoom Met vier boeken in vier jaar lijkt De Jong mooi op stoom, maar voorlopig ligt het schrijven even stil. Er ligt nog niet een nieuw manuscript te wachten, er is zelfs nog geen aanzet.  ,,Der stiet noch net in letter op pepier. It folgjende boek kin foar it selde jild wol fiif jier duorje. Ik ha foar mysels ek net in doel steld. Ik wol ek eefkes ôfwachtsje hoe't it mei de boeke-aksje giet.'' ,,De kommende moanne wurdt frij belangryk. Dy aksje hat my sa bot yn de besnijing dat it skriuwen echt yn'e knoei komt, dat kin ik der no eefkes net njonken ha. De Stifting Tsjil fret in soad tiid en enerzjy, mar dit is it fierste wat ik my útrekke kin, mear tiid haw ik net. Ik ha myn baan noadich om fan te libjen, it skriuwen is leafdewurk, âld pepier. Troch al dat fergaderjen komst net mear oan skriuwen ta. Dat is gjin klacht, hear, ik ha der sels foar keazen. It iene komt ek út it oare wei. Ik wol graach moaie ferhalen betinke, mar dêr komt fuortdaliks it ferkeapjen achteroan. Ast in boek makkest, wolst ek dat it lêzen wurdt. Want ik skriuw net foar mysels.''