Jounswille op de planken mei ‘De Pony’s’

Stynsgea - Nei ‘Brulloft’ (2017) en ‘Farwol Ierde’ (2018) set Jounswille foar de tredde kear, in sels skreaun toanielstik ûnder lieding fan ús regisseur Klaas-Jaap van der Heide op de planken.

‘De Pony’s’ is basearre op it wier barde ferhaal fan ‘The Shaggs’. In Amerikaanske popgroep út ein jierren sechstich dy’t bestie út trije dochters sûnder muzikaal talint dy’t troch harren heit (harren manager) twongen waarden om oeren en moannen oanien te repetearjen en op te treden foar publyk.

‘The Shaggs’ namen mar ien album op; ‘Philosophy of the World’, dat fol stiet mei falske sang, rammelige gitaar partijen, ritmes sûnder ferbân en naïve teksten. It album hat hjoed de dei in cult-status krigen; Kurt Cobain fan Nirvana neamde ‘The Shaggs’ syn favorite band en Frank Zappa fûn ‘Philosophy of the World’ it bêste album aller tiden.

De útfieringen fan it stik binne op freed 22 en sneon 23 febrewaris en op freed 1 en sneon 2 maart, alle jûnen om 20:00 oere yn Café Stynsgea.

Kaarten á € 7,50 by fam. Gjaltema: Boskkamp 49, Stynsgea telf. 0512-352192.