FNP op besite by Sake Store De Westereen

DE WESTEREEN - De FNP út Noard East Fryslân hat begjin desimber in wurkbesite brocht oan Sake Store yn De Westereen. Direksje/eigners pear Thijs en Jeanette Baarsma ûntfong de groep fan 11 entûsjaste FNP'ers út Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân foar in blik achter de skermen fan it súksesfolle Fryske moadebedriuw.

Sake Store is in Frysk famyljebedriuw en allinnich yn Fryslân aktyf. De kar om allinnich yn Fryslân aktyf te wêzen is eins in hiel bysûndere, en dan ek hiel bewust naam, sa lei Thijs Baarsma út oan it oanwêzige steatelid, de wethâlder, fraksjeleden en bestjoersleden fan de partij. Sake Store is in famyljebedriuw mei in dúdlike struktuer en kin op dizze wize ûnderskiedend wurkje en oersjoch hâlde op de filialen. Troch sa te wurkjen is der ek in goeie klantrelaasje op te bouwen. De Baarsma's hechtsje in soad wearde oan de klantbelibbing. Mystery-shoppers besykje mei regelmjit de winkels, om de kwaliteit fan de klantfreonlikens sa heech mooglik te hâlden.Ek wurde der by Sake Store gau ris 'fashion-events' organisearre. It Sake Store publyk wurdt by sokke events hiel nau belutsen; om sels mei te rinnen op de catwalk by in moadeshow, bygelyks. Doel fan de wurkbesites fan de FNP, is om mei ûndernimmers yn de kunde te kommen en fan ûndernimmers sels te hearren hoe't de polityk harren súkses stypje kin. Berikberheid is ek part fan de klanttefredenheid. Dêr kin in wichtige rôl lizze foar de polityk, as it giet om gemeentelik parkearbelied. === FNP op bezoek bij Sake Store De Westereen De FNP uit Noord Oost Fryslân heeft begin december een werkbesite gebracht aan Sake Store in De Westereen. Directie/eigenaren paar Tjijs en Jeanette Baarsma ontvingen de groep van 11 enthousiaste FNP'ers uit Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerland ca. voor een blik achter de schermen van het succesvolle modebedrijf. Sake Store is een Fries familiebedriijf en alleen in Fryslân actief. De keuze om alleen in Fryslân actief te zijn is eigenlijk een heel bijzondere, maar wel heel bewuste, zo legde Thijs Baarma uit aan het aanwezige statenlid, de wethouder, fractieleden en bestuursleden van de partij. Sake Store is een Fries familiebedrijf net een duidelijke structuur en kan op deze manier onderscheidend werken en overzicht houden over de filialen. Door zo te werken is er ook een goede klantrelatie op te bouwen. De Baarsma's hechten grote waarde aan de klantbeleving. Mystery-shoppers bezoeken regelamtig de winkels om de kwaliteit van de klantvriendelijkheid zo hoog mogelijk te houden. Ook worden er bij Sake Store fashion-events georganiseerd. Het Sake Store publiek wordt daar heel bauw bij betrokken; om bij modeshows zelf mee te lopen op de catwalk bijvoorbeeld. Doel van de werkbezoeken van de FNP is om kennis te maken met de ondernemers en van hen zelf te horen hoe de politiek hen in hun succes kan ondersteunen. Bereikbaarheid is ook onderdeel van de klanttevredenheid. Daar kan een belangrijke rol liggen voor de politiek, waar het gemeentelijk parkeerbeleid betreft.