Foarlêze yn it Frysk oan pjutten út Ie

Ee - Anke Wilbrink hat tongersdei de pjutten fan Ie foarlêzen út Tomke. Oanlieding wie de Fryske Foarlêswike. It tema wie dit jier ‘Hoi Tomke!’. De pjutten waarden foarlêzen by Anneke van Bolhuis yn Eastrum yn 'e tún. Juf Anneke fierde tagelik har jierdei by har thús.

De Tomke-wurkgroep stimulearret it lêzen en foarlêzen yn it Frysk oan pjutten en soarget derfoar dat der 30.000 Tomke-boekjes printe wurde. Fia it foarlêsprojekt krije sa’n 18.000 pjutten harren boekje mei nei hûs. Dêrneist is it boekje te krijen by konsultaasjeburo’s en bibleteken. De Tomke-aventoeren ferskine ek op ’e telefyzje. Foto's: Klasina van der Werf