Stik oer rassenhaat en diskriminaasje yn Broeksterwâld

Broeksterwâld - ÂLD - Toanielferiening It Moat Kinne út Broeksterwâld/De Falom bringt dit jier it stik Andorra fan Max Frisch.It stik spylet yn in lyts, net besteand lân. Dit ûnskuldich lân is it dekor foar in moralistysk stik oer rassenhaat en diskriminaasje.

Max Frisch skreun dit stik yn 1961 mar ek yn dizze tiid is it ûnderwerp hiel aktueel. De regie is yn hannen fan Regina Visser. Spyldata binne; 20,21,27 en 28 maat 2015 yn doarpshûs De Pipegael yn Broeksterwâld. Kaarten te bestellen op www.itmoatkinne.nl