Ternaardsters model voor voorstelling Thúsfront van Tryater

Ternaard - Harke en Pytsje de Graaf uit Ternaard stonden, samen met nog enkele ouders van militairen uit Friesland, ‘model’ voor toneelschrijver Romke Toering. Hij schreef het stuk Thúsfront, over het loslaten van kinderen.

Harke en Pytsje de Graaf zijn de ouders van Ruurd (32) en Rienk (30). Nu beide zonen uit huis zijn, wonen ze nog samen in hun polderhuis aan de Lytse wei in Ternaard. Ruurd werd twee keer uitgezonden naar Afghanistan, waar hij werkte als voorlichter. Harke de Graaf: ,,Yn Thúsfront wurde trije soldaten en harren âlders folge: Meinte (Lourens van den Akker), Evert (Romke Gabe Draaijer) en Rients (Raymond Muller), Meinte syn mem Anke (Nynke Heeg), Evert syn mem Hinke (Lysbeth Welling) en Rients syn âlders Harmke (Lianne Zandstra) en Piter (Thijs Feenstra). De personaazjes Rients, Harmke en Piter binne basearre op Ruurd, Pytsje en my.’' Pytsje de Graaf-van der Meer, naast mem van Ruurd en Rynk wethoudster voor de FNP in Dongeradiel: ,,Ik tink net dat der in protte minsken witte dat it stik diels basearre is op ús ferhaal. Mar se meie it bêst witte. Der sitte spesifike situaasjes en útspraken yn it stik dy’t streekrjocht út ús libben komme.’' Enkele teksten uit het stuk. Harmke: Beide bern binne my like leaf, mar mei Rients ha ik wat spesjaals. Piter: Jim wienen altyd twa hannen op ien búk, do en Rients. Pytsje: ,,Ruurd wie altyd ticht by my yn ‘e buert. As ik oan tafel siet te krantlêzen, siet hy tsjinoer my te húswurkjen. As ik boppe wie, die ‘er syn húswurk op ‘e trep. It ferbaasde my dêrom wol dat ‘er nei it VWO nei de Koninklijke Militaire Academie yn Breda woe, en útstjoerd wurde woe nei de oare kant fan de wrâld. Mar ik stipe him.'' Harke: ,,As Ruurd út Afghanistan wei belle, frege ‘er nei Pytsje. Harren bân hat altyd al hiel sterk west. Ik fûn it earst mar neat, Ruurd nei de KMA. Ik tocht dat ‘er dêr net tusken dy mannen passe. Mar Ruurd is nea benaud, noait west ek. By rúzjes sei ‘er eartiids neat mar bleau ‘er gewoan rêstich stean oant it bedarre. Dat is in moaie eigenskip yn konflikten, en dat kin ‘er yn syn wurk goed brûke.’' Piter: Tiisdei! De dei! Je sitte gewoan op ‘e tiid te wachtsjen. Middeis frij nommen. Rients stapt om mei de klean oan, sa’t er nei Afghanistan moat. Om my smeart ‘er him no mar. Dan ha we it mar hân. Mar nee. Healwei trijen is healwei trijen. En we sizze: Wy steane achter dy. Dan krûpt Rients achter it stjoer. Wy swaaie, hy swaait, sjocht noch even om en foetsy. Even letter set ik de tulpebollen yn ‘e grûn. As it wat meiwierret, dan sitte de knoppen der yn as Rients wer thúskomt. Harke: ,,Ruurd hat de regy altyd strak yn hannen. Hy woe net dat wy him nei Eindhoven brochten, dêr’t it fleantúch nei Afghanistan wei gie. In freon gie mei. Sa woe ‘er it. Ik seach de auto hieltyd lytser wurden, oant ik ‘m op in stuit net mear seach. En doe begûn it lange wachtsjen.’' Pytsje: ,,Wolst dyn soan en it nijs konstant folgje.’' Rients: Ik bin hiel kontint mei it hûs dat ik kocht ha. Harmke: Dit is dus loslitte. Dit is it dus. Piter: As se de wask sels regelje, is it klear, tink ik. Pytsje: ,,Rienk gie earder it hûs út as Ruurd op útstjoering. We koenen him helpe mei skilderjen en ferhúzjen. Ik hie der grip op, koe der oan wenne. As in bern útstjoerd wurdt, is dat fansels oars. Witst ek dat it der oan komt, mar dyn bern komt fier fuort en yn in ûnfeilich gebied. Om him of har fertrouwen mei te jaan, moatst sels loslitte.'’ Harke: ,,Dat is it bêste datst foar dyn bern dwaan kinst. As se no it leger yngeane of ‘gewoan’ op harsels geane. En dat is wêr’t Thúsfront oer giet.’ Tryater speelt Thúsfront de komende weken o.a. in Stiens, De Skalm, vr. 27-2 20:00, 058-2575220, in Dokkum, Theater Sense, za. 28-2 20:00, 0519-222969, in Hijum, De Kampioen, di. 10-3, 0518-431369 en in Buitenpost, The Point, wo. 18-3, 0511-541444.