Ferrassingspyt oerlanget sertifikaat oan It Boartersplak yn Ternaard

Ternaard - It wie dûbelt feest op pjutteboartersplak It Boartersplak yn Ternaard. It pjutteplak fan Stichting Peuterspeelzalen Dongeradiel wurket sûnt febrewaris 2012 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern. Sy hawwe it trajekt no ôfrûne en it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ behelle.

Ferrassingspyt hat it sertifikaat út in Fryske Pitesek helle en oan liedsters Grietsje, Nynke en Annette oerlange. Alle bern hawwe in Frysk Pitesekje mei in Tomke-kado en in Sinteklaaskado fan Ferrassingspyt krigen. Provinsjale ûnderwiisbelied De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 175 en is noch altyd groeiende. Pjutteboartersplak ‘It Boartersplak’ Pjutteboartersplak ‘It Boatersplak' is ûnderdiel fan Stichting Peuterspeelzalen Dongeradeel (SPD). SPD is in organisaasje dy’t pjutte-opfang yn de gemeente Dongeradiel oanbiedt. Likegoed SPD as de gemeente stimulearje twatalich wurkjen. Dongeradiel hat in beliedsnota ‘Meertaligheid in de doorgaande lijn’ skreaun en fan de 11 boartersplakken fan SPD wurkje der 6 mei in twatalich belied. ‘It Boartersplak’ yn Ternaard is it tredde pjutteplak fan SPD dat sertifisearre is. It twatalich wurkjen sjocht der as folget út: yn Ternaard prate alle trije liedsters konsekwint Frysk. By it foarlêzen en it sjongen is der omtinken foar it Frysk en it Nederlânsk. Op It Boartersplak wurdt ek wurke mei hânpoppen. Raai de Kraai praat konsekwint Frysk en Tomke praat Nederlânsk. Taalbelied De fisitaasjekommisje skriuwt it folgjende: De romte is moai ynrjochte en strielet ek de kar foar meartaligens út. It keazen taalbelied krijt goed hannen en fuotten. De bern ha it tige nei ’t sin en it taaloanbod is yn frije mominten en yn bewust keazen aktiviteiten sa ryk mooglik. Troch werhellings en in grutte fairaasje oan wurkfoarmen by it tema te kiezen, kinne alle bern op harren eigen nivo meidwaan. De liedster soarget foar in klimaat dêr’t alle bern har feilich en wurdearre yn fiele kinne. Sertifisearring Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de ynstellingen om harren wize fan wurkjen te beoardielen. It taalbelied hat as doel de meartalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek te’n goede komt, en Nederlânsktalige of oarstalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei it Frysk. Wêr fan tapassing kriget de streektaal in plak yn it taaloanbod.