Presintaasje boekje mei folksferhalen yn gemeentehûs Bûtenpost

Buitenpost - De gemeente Achtkarspelen presintearret op tiisdei 4 novimber om 16.00 oere yn it gemeentehûs in boekje mei folksferhalen.

Yn it boekje steane de tsien winnende ferhalen fan in skriuwwedstriid. Mei it idee foar in Frysktalige skriuwwedstriid ynspirearre op folksferhalen hat de gemeente Achtkarspelen yn 2013 de taalbeliedspriis fan Gemeenten&Frysk fan de Afûk wûn. Skriuwwedstriid Folksferhalen hearre by it erfguod fan de gemeente Achtkarspelen. Dit kultureel erfguod draacht by oan de identiteit en útstrieling fan de gemeente. Behâld fan it kultureel erfguod fynt de gemeente wichtich, mar ek it trochjaan hjirfan oan de kommende generaasjes. Om dêr útfiering oan te jaan hat Achtkarspelen, no’t it 100 jier lyn is dat Dam Jaarsma berne is, in Frysktalige skriuwwedstriid foar folksferhalen útskreaun. De tsien moaiste, grappichste en aardichste folksferhalen fan de skriuwwedstriid binne bondele yn in boekje. By elts ferhaal hat Noël Hariri, âld-ynwenner fan Surhústerfean, in yllustraasje makke. Folksferhalen De gemeente Achtkarspelen hat in ryk ferline mei folksferhalen. Begjin jierren sechtich hat Dam Jaarsma (1914-1991) út Eastermar in hiel soad folksferhalen sammele. It opfallende wie dat de folksferhalen yn haadsaak út de noardlike Fryske Wâlden kamen. Fertellers út de gemeente Achtkarspelen spilen yn de totaalopbringst net swak by. Sa hat Jaarsma bygelyks allinne al op ‘e Harkema mear as hûndert man útfrege. Mar hy hie syn adreskes ek yn ûnder oaren Boelensloane, Surhústerfean, Bûtenpost, Droegeham, Hamsterheide, Koatstertille en Stynsgea.