Gjin Kollumer oproer rûn Swarte Pitenpraat

kollum -  KOLLUM – Mei in lang Frysk gedicht hat boargemaster Bearn Bilker tongersdei in fraach fan FNP-riedslid Tineke Bosgraaf oangeande Swarte Pyt en syn mooglike konkurrinten beandere.

Ynwenners fan Kollumerlân c.a. hoege harren echt net drok te meitsjen om de komst fan kleurrike Piten at Sinteklaas hjir syn jierdei hat. Foar konkurrinsje is fanút allinne al histoarysk perspektyf neffens Bilker gjin romte. Hy sleat mei it gedicht in drege sit ôf en waard hjirfoar beleane mei in fet applaus.   “No leit hjir in fraach fan de FNP: freget in réaksje fan it kolleezje fan B & W. Yn ús lân is sprake fan in grutte alteraasje. It is tige slim. It giet oer mooglike diskriminaasje. O heden noch oant ta, it is in hiel trelit, want net ien wit no krekt hoe’t it sit.   Oan wa jouwe wy no ús adhesy? En, wat wurdt ferwachte fan ús kolleezje? En, wol de FNP-fraksje ús no ek al opruie? Want, wa hat dit winliken yn portefúlje? Dan kaam fansels de tûke fraach: sit B & W der ek mei yn syn ‘maag’?   It moat no fansels net mâlder, mar ik bin hjiryn de portefúljehâlder. Hawar, ik ha derop sitten te studearjen en ik wol der no ek net langer oer kremenearje. Wy dûke fansels earst yn ‘e histoarje en dan komme wy yn ‘e tiid fan ‘e gouden gloarje.   Amsterdam boude syn rike keapmanswenten en se fertsjinnen doedestiids in grouwelich soad sinten. Ek doe wie Sinteklaas fansels al yn it lân. Hy hie doe ek mei de lytse bern in sterke bân. Rike minsken, hege adel, hiene doe morianen yn ‘e hûs. Dy hiene spesiale posysjes by de rûs.   Doe koe Sint net achter bliuwe fansels en ek hy krige doe status foar himsels. Hy hie no moriaantsjes oan syn side; ek om him te helpen om op it dak te riden. En fansels, dit waard folslein aksepteard en fan dizze Swarte Piten ha wy alhiel wat leard.   Slim, soms minder slim, mar altyd kreatyf. Se nimme foar grutte problemen in prima ynitiatyf. Mar, geane no oaren mei ús Swarte Pyt oan ‘e haal? Dêrom: wat is no de moraal fan it ferhaal? Sa hat fansels eltsenien altyd syn winsken, mar tink der goed om bêste minsken.   Wy sprekke hjir fan histoarje, tradysje en kultuer. En sa’n diskusje oer it ferline ferlieze jo op ‘en doer. Moatte wy dan achterôf yn ús koloniale ferline it mes stekke? Of de rike keapmanshuzen oan de grêften ôfbrekke? Want, wêr is dan it begjin? Wêr is it ein? Dêr is it leste wurd dan lang net oer sein.   De HIM, OVK en de doarpen organisearje Sinteklaas, Want dêryn binne sy de baas. En út myn kontakten ha ik al fernommen: Sint en Swarte Pyt bliuwe wer gewoan kommen. It liket dan miskien efkes mis, mar yn Kollumerlân bliuwt it sa’t is.” (Kollum, 23 oktober Bearn Bilker)