Bisûndere klucht fan Krisistoaniel yn oantocht

Dokkum - ‘Krisistoaniel' is in toanielploech mei bejeftige en entûsjaste spilers, mar sûnder jild. Budzjettêr sjoen, is der sprake fan krisis (dêrom de namme) en moat der in soad troch de akteurs sels betocht en dien wurde, dat neat mei it aktearjen te meitsjen hat.

Mei elkoar moat men hiel wat wichtige besluten nimme en dêrom is eltse spiler ek bestjoerslid. De ploech is foar in part fuortkommen út de spilersrûnte, dy't it Iepenloftspul ‘De Oerfal' by de Blokhûspoarte yn Ljouwert okkerdeis ta in grut súkses makke. 1, 7 en 8 novimber yn Dokkum Fan dat stik nei in klucht is in hiele omslach, mar soks betsjut foar Tineke Broers (regy) en har trawanten (André Beeksma, André de Zee, Amarens de Vries, Frouke Holtrop, Greetje Klaren, Hinke Leistra, Lourens de Zee, Remco de Poel en Wybe Kuipers) allinnich mar in geweldige útdaging. De klucht, dy't op dit stuit hast toanielklear is en op 1, 7 en 8 novimber opfierd wurde sil yn teater Sense yn Dokkum, hjit ‘Praatsjes'. Neil Simon is de skriuwer en Gurbe Dijkstra de oersetter. It ferhaal It ferhaal spilet him ôf yn New York, mar sit fol typysk Ingelske humor. ,,Wa't oan in klucht fan John Lanting tinkt, komt bedragen út'', sa seit Tineke Broers. Fan gaos en betizing is lykwols folop sprake. Dêr is it ûnderwerp alhiel nei: tal fan gasten komme oer de flier by in stel, dat in feest jout ta gelegenheid fan harren tsienjierrich houlik en sels net oanwêzich is; der is in skot heard, wat is der bard? ‘Praatsjes' binne der oer en tefolle en hieltyd wurdt men as publyk nijsgjierriger, hoe't it no eins krekt sit. Utsein de petearen fan alle minsken yn ‘e hûs, binne der in soad tillefoanpetearen, spilet in ûnsichtbere dokter in wichtige rol en komt de plysje ek noch del. Teater Sense ‘Praatsjes' wurdt no al eltse wike twa kear repetearre op lokaasje, dat wol sizze yn teater Sense. Dêr waard woansdei 8 oktober sels al oefene tjsin it offisjele dekor dat steanbliuwe kin en mei ‘de klean oan'. De tekst sit der goed yn en men wit wêr't men hinne moat op sawol ûnder- as boppeferdjipping. It stik hat twa bedriuwen en freget fan de akteurs in soad stim- en lichemsenerzjy. Gjin probleem by dizze oan elkoar weage minsken, dy't sels fan ‘In Italiaantsje' (prate en spylje yn rap tempo en sûnder yntonaasje) in stikje moai repetysjewurk meitsje. Lit no de komplete klucht mar komme! Tekst: Rennie Veenstra Mear ynformaasje: http://www.sensedokkum.nl/programma/ Sjoch ek: Nieuwsblad Noordoost-Friesland, 24 oktober.