Tariedings iepenloftspul Brantgum yn gong set

Brantgum - Brantgum is drok dwaande mei de tariedings fan it iepenloftspul. It stik “De Ferskoppeling” is skreaun troch Baukje van Hijum nei it boek fan A.M. de Jong (De martelgang van kromme Lindert). Atsje Lettinga hat dit noch bewurke en sil dit stik regisearje, deryn bystien troch Baukje van Hijum. De muzyk is yn hannen fan Marjan Fennema. Ûndertusken hawwe de audysjes plak fûn en wurde de mooglike spilers ynljochte oer hokker rol at der foar harren klear leit.

Atsje Lettinga: ,,It iepenloftspul De Ferskoppeling dat yn 2015 plak fine sil yn Brantgum, lit de taskôger it ferhaal sjen fan it libben fan Lindert, in beheinde, jonge man. Net allinne is syn beheining sichtber oan`e bûtenkant, mar der is sprake fan in beheining yn meardere opsichten. Sa nimt dit stik ús mei oer de fragen fan; gefoelens, leafde, skuld, wrok en heimnissen. Tema`s fan eartiids, mar hoe is dat hjoed de dei? Wa sil it sizze? De ferskoppeling, elk kin it wêze. Miskien josels wol... as ik!" Baukje fan Hijum: ,,Wat is libben as`t de waarme hertslach fan de leafde net priuwe meist?' Dat skeat troch my hinne doe`t ik it boek lêsde fan AM de Jong oer it libben fan kromme Lindert. It boek liet my net los en ik hoegde dan ek net lang te praten om Brantgum waarm te krijen foar De Ferskoppeling. Allinne ien ding: der moast humor yn sitte. Dat wie de betinkst fan it bestjoer fan it iepenloftspul yn Brantgum. En humor sit er yn. Drama en humor; sa is faak it libben, mar humor dat hâldt ús faak steande as it libben ús bringt wêr`t wy sels net foar kieze soene." It stik wurd spile yn it Leechje yn Brantgum op 24, 26 en 27 juni 2015. Mear ynformaasje: www.iepenloftspulbrantgum.nl.