It geloksbern noch pear dagen boek fan 'e moanne

WARTEN - It Geloksbern fan de skriuwster Hilda Talsma is yn maaie it boek fan de moanne. It is it lêste diel fan

de Frisum-trilogy en slút de searje oer de ynwenners fan it doarpke Frisum op in meinimmende wize ôf. Mei De twadde hûd (2011)en Flammen (2012) hat de skriuwster in styl sjen litten dy’t geskikt is foar in breed lêzerspublyk. De boeken binne skreaun yn it sprekfrysk en mei faasje en humor wurdt it doarpslibben beskreaun, meinammen ek de dingen dy’t net altyd it deiljocht fernearne kinne. It Geloksbern pakt de ferhaalline fan Betty wer op. Fan it frommeske dat it net sa krekt naam mei de mannen, hat se in ûntwikkeling trochmakke dy’t har yn Flammen oansetten hat ta in dramatysk beslút. Se is mem wurden, mar wol neat fan har dochter witte. Se is slim ferwûne en mei de leafde slagget it ek net rjocht . Har freonen dogge der alles oan har te helpen en as se tegearre mei har âlde maat Hindrik in konsert fan de Hûnekop organissearret, libbet se wer op. Se rekket swier ûnder de betsjoening fan Emiel en wol suver wer âlderwetsk los. Mar dan bedjert har suster Akkelyn, lykas altyd, it feest. Hilda Talsma (43 jr.) is troud mei skûtsjeskipper/werfbaas Jelle Talsma en se hawwe fjouwer bern. Se fynt it wichtich dat it skreaune Frysk ûnderdiel bliuwt fan de Fryske kultuer en se beskriuwt it libben yn it doarpke Frisum op sa’n flotte en meisleepjende wize dat je as lêzer mar ien ding wolle: fierder lêze. It boek kostet no 15 euro. www.boekfandemoanne.nl www.hildatalsma.nl[caption id="attachment_37205" align="alignnone" width="280"]Hilda Talsma, Geloksbern Hilda Talsma[/caption] [caption id="attachment_37206" align="alignnone" width="198"]Hilda Talsma Hilda Talsma[/caption]