Earste keunstgers lein op ‘e Harkema

Harkema - De gemeenteried fan Achtkarspelen is oerienkaam dat û.o. op de Harkema keunstgers komt te lizzen. It earste stikje gers is symbolysk lein troch listlûker FNP Achtkarspelen, Marten van der Veen.

Van der Veen is gruttendiels de man achter de realisaasje fan de keunstgersfjilden. Achter de skermen op ‘e Harkema wienen dat Fokke Veenstra en IJde van Kammen. Polityk is dit alles slagge troch de FNP mei stipe fan GBA, PVDA,VVD en CU. It stikje keunstgers waard lein ûnder tasjoch fan in delegaasje fan de FNP en fertsjinwurdigers fan  trije sportferienigingen fan de Harkema; Harkemase Boys, Harkema-Opeinde en de kuorkebalferieniging.