Tytsy Willemsma folget Bearn Bilker op as foarsitter fan Tryater

BOARNWERT - Tytsy Willemsma út Boarnwert is de nije foarsitter fan Tryater. Sy folget Bearn Bilker op, de boargemaster fan Kollumerlân.

Willemsma siet al sûnt 2009 yn it bestjoer fan it Fryske beropstoanielselskip. Wilemsma wie oant foarrich jier juny wethâlder fan de gemeente Dongeradiel. Sy wurket no yn Brussel as fertsjintwurdiger foar it gearwurkingsferbân fan de trije noardelike provinsjes en stêden (SNN). Tryater neamt it geweldich dat ien mei sa’n netwurk en leafde foar it Frysk foarsitter wurdt. By har oantreden as foarsitter sei Willemsma: „It is in moaie útdaging foar it bestjoer fan Tryater om de posysje fan it ienigste profesjonele Frysktalige teatersselskip fan Nederlân fierder út te bouwen en út te dragen. Ik hoopje dêr mei myn netwurk en ûnderfining oan by te dragen.''