Frysk Printeboek oer dappere mûskes is 'White Raven' yn München

Fryslân - ÂN It hâldt net op mei ‘Fjouwer dappere mûskes’, it troch de Afûk útjûne printeboek fan Eppie Dam en Gerrit Terpstra. Neidat it boek earder al ûnderskiedingen krige, is it no ien fan de 250 White Ravens op ’e jierlikse list fan de Internationale Jugendbibliothek München.

De list wurdt sûnt 1993 publisearre, en de lêste edysje befettet titels yn mear as tritich talen út sa’n fyftich lannen. Dêrfoar wie it boek al nominearre foar de IBBY Honour List 2014, in twajierlikse ynternasjonale seleksje fan eksellinte útjeften foar bern en jongerein. Septimber dit jier sil de organisaasje de list wrâldkundich meitsje op har 34e kongres, diskear hâlden yn Meksiko. Tichter by hûs wie it mûzeboek fan Dam en Terpstra nominearre foar de Simke Kloostermanpriis 2013. Dêrneist hat it oan ’e basis stien fan in teaterstik, opset troch de Stichting School en Kunst. It is útfierd wurden troch Douwe Heeringa en it Nationaal Symfonisch Kamerorkest, en waard besocht troch 4500 bern.