Broek-Loose: akteurs hinne en wer fan wite doek nei toaniel

Broeksterwâld - ÂLD - Om’t de toanielploech ‘It moat kinne’ út Broeksterwâld op dit stuit foar it grutste part út jeugd bestiet, leit in toanielstik oer jonge minsken hiel bot foar de hân. De spilers hoege har yn sa’n gefal net jong te sminken en steane tichby it troch harsels spile personaazje. 

Hielendal thús op ‘e planken fiele se har as it stik ek noch oer it eigen doarp giet. No bestiet der gjin stik oer Broeksterwâld, mar regisseuse Tiffany van der Wal ferpleatste it ferhaal fan de Amerikaanske film Footloose samar nei Noardeast Fryslân en makke fan Chicago Ljouwert en fan Bomont Broeksterwâld. It smyt in dekor op mei in soad werkenberens op it mêd fan hûzen, wegen, in tsjerke, in skoalle, in garaazje en in hoveniersbedriuw. Dochs komt it ferhaal net hiel tichtby, want stêd en doarp wurde wol hiel karikaturaal delset. ‘Broek-Loose’ begjint as in film en is dêrnei in hin-en-werjen fan spilers, dy’t fan it wite doek ôf op it toaniel stappe en fan toanielakteurs wer filmakteurs wurde. Sjoch fierder yn it Nieuwsblad Noordoost-Fryslân fan moandei 3 februwaris. Tekst: Rennie Veenstra Foto's: FDS Fotopress