Sulver foar bruorren De Zee nei Lekker Koese

Buitenpost - BÛTENPOST - Nei de foarstelling Lekker Koese fan it Bûtenposter Kritetoaniel waarden net allinnich de fjouwers spilers en de oare meiwurkers fan it stik yn it sintsje en de blommen set, mar ek de kriteminsken Lourens en Andre de Zee.

De beide bruorren krigen sulver foar mear as tritich jier ynset foar de Krite, mar ek fier dêrbûten yn ús provinsje. Iebe Bouma fan it STAF-bestjoer kaam nei The Point mei de sulveren spjelden en de oarkondes.
Lekker Koese, Lourens de Zee spilet yn dit stik, wurdt sneintemiddei 9 maart op'e nij oer it fuotljocht brocht yn sealensintrum The Point. Dit om 15.30 oere. Op freedtejûn 14 maart komt de spilersploech nei de Colle yn Kollum. Oanfang 20.00 oere, kaarten binne dan te krijen oan de seal.
Op de foto de bruorren De Zee. Foto: Ernst Jaap de Haan