Sutelaksje Feanwâlden grut sukses

FEANWALDEN - De sutelaksje mei Fryske boeken yn Feanwâlden hat inkele tûzenen euro's opbrocht. Eksakte sifers wurde letter bekend. Yn Feanwâlden hie Doarpsbelang tritich frijwilligers ree fûn om mei fyftjin kroaden by de doarren del te gean. De frijwilligers krigen ûnder oaren stipe fan de skriuwers Ferdinand de Jong en Hylke Speerstra.

By de best ferkeapjende boeken hearden ûnder oaren Bedoarne hannel fan Ferdinand de Jong, Om Doutzen fan Rommert Tjeerdsma en It Grutte Foarlêsboek. Tweintich prosint fan de omset yn Feanwâlden is foar de feriening, dy't de frijwilliers en de kroaden levere. Sawol it bestjoer fan Tsjil as de lokale organisaasje binne tefreden oer it ferrin en it resultaat fan de asje yn Feanwâlden. Stifting Tsjil is oprjochte om de ferkeap fan Fryske boeken en boeken oer Fryslân te befoarderjen. Dit jier wurdt der in sa'n fyftjin doarpen sutele troch lokale ferienings of ynstellings. Tsjil is fan doel en set de aksjes takom jier troch. Ferienings dy't sutelje wolle, kinne harren melde fia de mail: stiftingtsjil@gmail.com.