Sutelaksje yn Feanwâlden

Feanwalden - ÂLDEN - Frijwilligers sille sneon yn Feanwâlden en Kimswert mei kroaden fol Fryske boeken by de doarren del. Stifting Tsjil organisearret yn septimber op fjouwer sneonen sutelaksjes, yn doarpen dy't oanjûn hawwe, dat sy dat sels graach wolle. Tsjil hopet dêrmei de ferkeap fan Fryske boeken in nije ympuls te jaan. De stifting levert kratten fol boeken, ferienings út de doarpen sutelje dy boeken út. In part fan de opbringst meie dy ferienings sels hâlde.

  De boekekrante Speak is yntusken, mei troch stipe fan de provinsje Fryslân, yn hast de hiele provinsje hûs oan hûs besoarge. Dêryn seit de deputearre oer de sutelaksje: “Yn dizze tiden moat elts ta op oare ferkeapmiddels; sa'n persoanlike oanpak is dan hiel sterk.” De start fan de aksjes fan dit jier wie ferline wike yn Menaam en Warten. Yn dy plakken waard foar hast fiiftûzen euro oan Fryske boeken ferkocht. Yn Feanwâlden sammelje de frijwilligers yn De Mienskip, oan de Haadstrjitte 17. Yn Kimswert is de Laurentiustsjerke oan de Greate Pierwei it sammelplak. Dêr geane de sutelders om tsien oere los.