Earste searje kursus ‘Meartalich Opgroeien’ foar gastâlden in sukses

Dokkum - Yn de hjerst fan 2014 hat it Sintrum Frysktalige Berne-opfang de earste 4 kursussen ‘Meartalich Opgroeien’ oan gastâlden jûn. De organisaasjes SKIK, Stichting Welzijn Middelsee en Sisa hawwe de kursus oan har gastâlden oanbean en der hat ek in kursus yn Bûtenpost west mei gastâlden fan ferskate oare organisaasjes. Yn totaal hawwe 55 dielnimmers de kursus folge.

Der is teoretyske ynformaasje jûn oer de twatalige ûntwikkeling fan bern fan 0 oant 4 jier. Dêrneist hawwe de gastâlden leard hoe’t sy it Frysk en de twatalichheid in fêst plak jaan kinne yn har wurk. Sy hawwe wurke mei Fryske boekjes en ferskes en leard by hokfoar leeftyd hokfoar boeken en ferskes passe en hoe’t sy dat oan de bern oanbiede kinne om de twatalige ûntwikkeling te stimulearjen. De gastâlden dy’t beide kursusdielen ôfrûne hawwe, hawwe it finjet ‘De Twatalige Gastâlder’ oerlange krigen. Yn de maityd wurdt in nije searje kursussen oanbean. Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. It taalbelied hat as doel de twatalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek ta goede komt, en Nederlânsktalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei de twadde taal. Om’t gastâlden ek in wichtige spiler binne yn de berne-opfang, fynt it Sintrum Frysktalige Berne-opfang it wichtich dat dizze groep goed ynfierd is yn it twatalich wurkjen. Gastâlden dy’t de beide gearkomsten fan de kursus bywenne hawwe meie har foar in jier ‘Twatalige Gastâlder’ neame.