Mear as swart en mear as wyt by nijjiersrevu

Kootstertille - KOATSTERTILLE – Problemen yn de soarchsektor, in diskusje oer Swarte Pyt, de fleantúchramp yn Oekraïne en in rel yn it kolleezje fan b. en w. op it motorskip Achtkarspelen. Yn de nijjiersrevu 2015 yn It Tillehûs krigen tiisdei bot út elkoar lizzende nijsfeiten fan 2014 omtinken. 

De Tilster revuploech boekte har earste optreden yn de nije akkommodaasje ûnder de titel: Nij! Sa'n earste kear hat wat yn him fan ûnwennigens, meidat de seal, it lûd- en de ljochtynstallaasje oars binne as jierren lyn. Oer it generaal is der in sprong foarút makke. Dat is mei namme te merken oan it perfekt útljochtsjen fan ek boppenôf, sadat men minder lêst hat fan skaadfigueren. In knappe fynst is sûnder mis it gebrûk fan kubussen, in trijehoek en twa balken dy't om bar tsjinst dogge foar de opbou fan in buro, de troan fan in kening en sels fan in sabeare motorskip. In hearlik stikje fantasije yn hout dat yn basiskleuren tagelyk rêst jout by de dekôrwikselingen. In reade tried sit der net yn it programma. Dochs falt oer alle bûgen op dat 2014 foar eins elkenien in soarchlik jier west hat: wurk of bystân, soarch of werom nei de âlde tiid, in fekânsje of in fleantúchramp, jild te ferpartsjen of de ponge alhiel leech troch tadwaan fan in inkeld persoan. By dit alles sprekt de moderne kommunikaasje dy't mei grutte earen en lytse mobyltjes op tal fan mominten nei foaren komt. Bysûnder by dit alles is in stikje nostalgy dat mei namme yn it earste part sprekken docht: Neat sûnder freonen. By ditsoarte muzikale ûnderdielen slacht de wille dy't de ploech yn it spyljen en dêrtroch mei elkoar hat oer op it publyk: close harmony. It sjongen kriget dêrmei in waarmte dy't oandwaanlik is. It blier mei elkoar omgean hat komselden in sfear dy't net by it belibjen fan de eigen rol past. Sa ferbaasde my it te blide liet oer de ponghâlder fan it leefbaarheidsfûns dy't de saak deagewoan besoademitere hat troch alle jild te fergrimen oan frou, fekânsje en frutsels. Op sa'n man, dy't ek noch soarget foar it ferheegjen fan de kontribúsje, soe men fergrimend lulk wêze moatte. Foar de groep pleit lykwols dat ditsoarte saken yn 2014 sa faak de krante helle hat, dat men útgûld is. In hiel bysûnder nûmer bliuwt ‘Make love, not war'. Sprekkend yn wite klean fan ûnskuld jout de ploech op in plechtige manear stâl oan it neitinken oer de fleantúchramp yn Oekraïne: respektfol, mei romte foar non-ferbale emoasje en ferantwurde yn tekst en toan. Mei in noflike linigens, en dat is foaral te tanken oan de kreative dekôrstikken, komt de oergong nei de folgjende act. As it buro hommels omboud wurdt ta in boat foar b. en w. fan Achtkarspelen is de ploech werom yn de wâldske sfear. Yn dy sfear kriget de humor wer âlderwetsk de boppetoan. Under rezjy fan Tineke Broers hat de ploech diskear fleur en fertriet oer it barren yn 2014 by elkoar brocht yn ferdivedaasje dy't de kleuren fan it folle libben hat. Der is mear as swart en der is mear as wyt. Dat sprekt by Pyt en by elkenien dy't in oare namme hat. Tekst/foto's: Jelle Raap