‘Yn de oarloch helpe jo elkoar'

RINSUMAGEAST - Aafke Talma-Visser uit Rinsumageast is 96 jaar, maar met haar geheugen is niks mis. Ze kan zich de Tweede Wereldoorlog en de bevrijding van zeventig jaar geleden nog goed herinneren en praat erover alsof het gisteren was.

,,It wie in rare, eangstige tiid'', zo vertelt mevrouw Talma. ,,Ik wie tweintich jier doe't de oarloch begûn. Wy wennen op in buorkerij oan 'e Singel yn Broeksterwâld, wat doe noch ûnder Rinsumageast foel. Ik ha fiif broers. Twa fan harren moasten ûnderdûke om oan tewurkstelling yn Dútslân te ûntkommen. Us heit siet yn it ferset. Hy brocht geheime krantsjes rûn. Wy holpen ek twa oare fersetsminsken en twa evakuees.'' ,,Wy sieten dus altyd yn spanning. Foar de ûnderdûkers hie in timmerman in geheim skûlplak makke yn it hea. Op in nacht kamen mannen fan 'e lânwacht foar in hússiking. Wy wiene ferklikt. Mem die de doar iepen. De mannen ha alle hoeken fan 'e buorkerij trochsocht, mar gelokkich net ien fûn. Yn dy tiid kamen der ek geregeld minsken by ús foar molke, want iterij wie der hast net te krijen yn 'e oarloch. Op in jûn kamen der twa froulju lâns. Sy fertelden dat se út it westen fan it lân kamen en wurch wienen. Meie wy by jim yn 't hea sliepe , fregen se. Dat wie goed, want yn de oarloch helpe jo elkoar. De oare moarns krigen se iten en myn mem joech se spek mei foar ûnderweis. Letter die bliken dat de froulju út Ljouwert kamen en op rôftocht wienen.'' Het moment dat Aafke Visser hoorde dat Nederland bevrijd was, staat in haar geheugen gegrift. ,,It wie op in moandei. It wie maitiid en we wiene drok oan it húshimmeljen doe' t der buorlju by ús kamen en fertelden dat der in auto mei Kanadezen oer de Hoofdweg nei Moarmwâld ried om sigaretten en sûkelade út te dielen. Want dat wie der yn de oarloch net. By alle pleatsen gong de flagge út, it wie feest. Jûns bin ik mei in freondinne nei it gemeentehûs yn Moarrewâld rûn. Dêr wiene allegear minsken dy 't jubelden nei de trucks mei Kanadezen.'' De blijdschap sloeg om toen de zondag na de bevrijding een boerderij in Rinsumageast in brand werd gestoken. Twee Engelse vliegeniers zaten daar verstopt. Toen de zoektocht in de boerderij niets opleverde, zijn ze levend verbrand. ,,It gie om 'e buorkerij fan de famylje Keulen'', zo weet mevrouw Talma. Dit waren de laatste schermutselingen van de Duitsers. Uiteindelijk zijn de Duitse soldaten vanuit Dokkum via de Birdaarderstraatweg gevlucht. ,,Ûnderweis dienen se allegear guod fan de hân, lykas klean en gewearen. Se woene sa licht mooglik wêze, sadat se gau nei Dútslân ôfsette koene.'' Na de oorlog was Aafke Talma-Visser erg benieuwd hoe het met de onderduikers en evacuees zou gaan die bij hen op de boerderij mochten verblijven. Eén van de onderduikers was de zoon van de broer van dominee Waagmeester van Murmerwoude. Hij woonde in het westen van het land en via de dominee wisten ze dat het in Friesland veiliger was. Een paar jaar geleden kwamen Kees Waagmeester en Aafke Talma-Visser voor het eerst weer met elkaar in contact. NOS-correspondent Lucas Waagmeester bleek de zoon van Kees Waagmeester te zijn. Via internet kwam een zoon van Aafke Talma hem op het spoor. ,,Nei al dy jierren haw ik Kees Waagmeester wer sprutsen. Ik wie benijd hoe 't it mei him gean soe. Hy hie fiif soannen. Syn frou wie in pear jier lyn ferstoarn.'' Van het hongerjongetje uit Rotterdam die door de familie Visser werd opgevangen tijdens de Tweede Wereldoorlog hebben ze nooit meer wat gehoord. Maar met de andere evacué - een jongetje die vanwege de Nieuwe Hollandse Waterlinie moest vluchten voor water - heeft de familie altijd contact gehouden. Hij is later getrouwd en heeft kinderen gekregen. Elk jaar zocht het Brabantse gezin de Friese familie op. De laatste jaren niet meer. ,,Hy wurdt âlder en wat minder mobyl. Mar mei krysttiid krij ik noch altyd in kaartsje. Ut tankberens. Foar wat wy foar him dien hawwe yn dy freeslike oarloch.'' Tekst en foto: Klasina van der Werf