Webside 2018.nl fan no ôf ek yn it Frysk

LJOUWERT - De webside www.2018.nl, domein fan Ljouwert-Fryslân 2018, is fan hjoed ôf ek yn it Frysk beskikber.

De side is sûnt ein jannewaris yn ‘e loft. De Fryske ferzy waard woansdeitemiddei op it kantoar yn de Blokhúspoarte publisearre. Dat barde yn it bywêzen fan leden fan de Rie fan de Fryske Bewegingen Oeds Westerhof en Ton F. van Dijk, beide lid fan de direksje fan Ljouwert-Fryslân 2018. Westerhof hold in presintaasje oer Kulturele Haadstêd. It online ynformaasjekanaal fan Ljouwert-Fryslân 2018 is meikoarten ek yn it Dútsk en Ingelsk te lêzen.