Kritetoaniel Bûtenpost spilet “Pleinfrees” yn De Lawei

Surhuisterveen - Bûtenpost Op freed- 24 en sneontejûn 25 april wurde yn de Lawei yn Drachten troch STAF (Stichting Amateur Toaniel Fryslân) wer de jierlikse slútjûnen organisearre. 

Dit is de feestlike ôfsluting fan it ôfrûne winterskoft fan it Fryske amateurtoaniel. Op dizze slútjûnen wurdt de útslach bekend makke fan de jierlikse toanielkriich fan STAF.  Ek op dizze jûnen wurdt neffens tradysje troch ien fan de by STAF oansletten selskippen in toanielfoarstelling jûn, in Fryske premjêre. Elts jier kinne oansletten selskippen harren opjaan om te spyljen op dizze jûnen.  Sy wurde dan yn it winterskoft skôge troch in spesjale seleksjekommisje fan STAF.  Dit jier is de toanielploech fan de Fryske Krite út Bûtenpost útkeazen om op dizze jûnen te spyljen.  Hja bringe dan it stik “Pleinfrees”’, dat skreaun is troch Alan Ayckbourn en yn it Frysk oerset is troch Baukje Stavinga. In fantastyske beleaning fan in winterskoft hurd wurkjen troch de spilers Lourens de Zee, Andre de Zee, Remco de Poel, Jelmar Hoekstra, Iris Kloosterman en Frouke Holtrop. Dit allegearrre ûnder lieding fan Lodewyk Riedhorst. Dit fansels mei de ûnmisbere help fan de mannen fan lûd en ljocht Ruurd Holtrop en Jan Dijkstra, de dekorbouwers Minze Stiksma, Harry Nieuwenhuis en Geert Hoogsteen, grimeuse Annerieke Bouma, dekordraaier, en âld man Arthur, Dictus Benedictus en fansels de stimmen op de bysûndere fideobân ynsprutsen troch  spilers fan de novimberploech Andries Hovinga, Iebe Bouma, Rommie Woudstra en Anneke Nieuwenhuis. De bân waard makke troch Douwe Boersma fan Omrop Fryslân.