Alde Leafde kan de tongen los maken in het verzorgingstehuis

DRACHTEN - Wie voortaan als verzorgende in een tehuis een gesprek wil aanknopen met een oudere bewoner, kan gerust beginnen over de verkeringstijd. Het liefdesleven is een dankbaar gespreksonderwerp bij ouderen, zo blijkt uit het boek Alde Leafde, dat gisteravond werd gepresenteerd op het symposium Dat Wie Doe Sa in Hotel Van der Valk.

Tekst en foto's Fokke Wester  In het boek Alde Leafde zijn liefdesbrieven van tien Friese stelletjes verzameld uit de periode 1945-1975. Drie er van zijn in het Fries, de andere zeven in het Nederlands. Het idee voor de bundel is van dichteres Baukje Wytsma. Zij verzorgde samen met Akky van der Veer voor de Afûk ook de eerdere delen van de serie over de thema's Skoalle, Beroppen, Feest, Iten & Drinken, Sport, Sjonge & Spylje en Klinke & Drinke. Elk thema is uitgewerkt in een boek en een dvd. De serie is bedoeld voor alle activiteitenbegeleiders in de zorg, groeps- en mantelzorgers, vrijwilligers, bibliotheekmedewerkers en anderen, die te maken hebben met de zorg voor ouderen. Doazen fol ,,Se sochten in nij ûnderwerp en wat is der no oansprekkender as de leafde?'' zegt Baukje Wytsma. Om aan brieven te komen werden er oproepen geplaats in de media. De oogst was opmerkelijk groot. ,,Doazen fol krigen wy tastjoerd. It moaie is dat dy brieven net allinnich oer de ferkearing geane, se jouwe ek in prachtich byld fan de tiid. Se geane ek oer it wurk, tsjerke, soasjale misstannen en wat der fierder allegear barde. Ek oer de ferwachtings foar de takomst. Sokke brieven wurde no net mear skreaun, spitigernôch.'' Een liefdesbrief is een van de meest intieme documenten, misschien nog wel intiemer dan een dagboek, erkent Wytsma. ,,En se makken der froeger ek wurk fan. Der sieten echt hiel moaie brieven tusken, soms ek hiel knoffelich, mar wol iepenhertich, ûntroerend faak ek. Se hienen yn dy tiid ek neat oars om elkoar te berikken as se net by inoar wêze koenen. Elke brief hat ek wat eigens, der is net in fêst format foar. De iene skreau hiel snel, de oare makke hiel moaie tekeninkjes.'' Kwetsber ,,Wat my foaral opfoel is dat de mannen har hiel faak kwetsber opstelden. Se jouwe oan dat se iensum binne, soms bang, foaral as se yn Indië sieten. Se leinen der echt harren siel yn bleat. Fierder bliuwt it allegear hiel netsjes, dit is fansels wol Fryslân, hin? It giet om Fryske minsken, hiel fatsoenlik. It is hiel stadich, hiel leaf, mar wol hiel yntins. Soms kinst tusken de rigels troch wol wat lêze oer it leafdeslibben, mar it wurdt noait plat of ordinêr. Dochs skamje dizze minsken har net om der oer te praten, dy skamte binne se no wol foarby.'' Bauke Wytsma maakte het boek samen met Lineke Kuipers. Elk hoofdstuk bestaat uit een trouwfoto, een liefdesbrief en een interview met de schrijvers of hun familie. ,,Dizze searje giet oer remininsje, oer âlde oantinkens. It boek is foar elkenien, ek foar minsken dy't gewoan ris mei pake en beppe prate wolle'', zegt Kuipers. ,,Net allinnich it houlik en de tariedings, mar it hiele libben komt der yn foar.'' Baukje Wytsma had nog graag een deel gemaakt over de oorlog. ,,Mar dêr binne wy eins al te let mei. Dochs bin ik wol bliid mei dit boek. Dy brieven dy't se ús stjoerden fielden as in ryk besit en dat jildt ek foar dit boek. Leafde giet oer alles hinne, sels oer de dea. Nei it ferstjerren fan in leafde misse jo dy wol, mar de leafde bliuwt. Ast dat sizze kinst, bist dochs in lokkich minske.'' Brieven op de bakkerijzolder Eén van de stellen van wie een liefdesbrief in het boek is opgenomen is het Boornbergumer bakkerspaar Johannes en Trudi Baarsma. ,,Nee, dat is net eng'', zegt Baarsma. ,,Doe't se fregen om brieven op te stjoeren haw ik ek fuort sein dat se dy fan my wol krije koenen.'' Baarsma wist nog precies waar ze lagen, op de zolder van de bakkerij, in een doos. ,,Dat wist ik net iens mear'', zegt zijn echtgenote. Ze hebben de brieven niet teruggelezen voor het opsturen. ,,Ik ha der wol in pear lêzen, mar doe wie't my wol bêst'', zegt hun schoondochter. ,,Myn man hat se net lêzen, dy woe dat net.'' Het paar schreef de brieven toen zij stage liep. Dat ze nu in het boek staan en wel door onbekenden worden gelezen is apart, zegt Trudi Baarsma.  ,,Ik bin benijd oft de bern it no wol lêze sille. Us mem wie der ek net sa foar doe't ik it har fertelde. Se krijt it boek al, mar ik freegje my ôf oft sy it wol lêst. Mar ik bin net benaud foar de reaksjes. Sels fyn ik de brieven no leaver as dat ik my eins herinnere.'' Brief op wc-papier In de liefdesbrieven van de Baarsma's komt niet alleen het gevoelsleven voorbij, ook de humor in de relatie krijgt een plekje. Zo zat er in de doos met brieven ook die ene, die door haar op een wc-rol werd geschreven. ,,Hy seurde op in stuit dat ik altyd it selde giele papier brûkte. Doe haw ik dy rolle pakt. Oan de ein fan de brief hie ik noch twa feltsjes leech litten, dy koe er moai op brûke om de kont ôf te feien, skreau ik der by.'' Over de brieven is door Omrop Fryslân een serie kleine documentaires uitgezonden. De aflevering over de Baarsma's was gisteravond de afsluiter. Gesprek met ouderen Rondom de presentatie van het boek organiseerde uitgeverij Afûk (Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje) een symposium met onder andere workshops over het vertellen van een verhaal (door Tryater-actrice Tamara Schoppert), het omgaan met ouderen op een meer theatrale manier (door Luuk Eisema van Keunstwurk), het gesprek met ouderen (door directeur Jan Germs van Huus van de Taol in Beilen) en Belibje it mar, een project voor het speciaal onderwijs over de provincie Fryslân, die ook is te gebruiken bij dementeren ouderen (door activiteitenbegeleider Jillert Vellinga van Leppehiem in Akkrum). Ook werd de nieuwe website datwiedoesa.nl gepresenteerd. Hierop staan verhalen, liedjes en spelletjes die als beginpunt kunnen dienen voor een gesprek met ouderen over zaken die zij herkennen. De tien families waarvan in Alde Leafde brieven en levensverhalen zijn gepubliceerd zijn: Kleaster Eanjum Yn 1941 en 1942 skriuwe Jan Hiemstra en Tine Jensma mekoar brieven. Ynterview mei dochter Henny Hiemstra út Berltsum. Sibrandabuorren Yn 1941 skriuwe Teake Posthuma en Tryntsje van der Velde mekoar brieven. Ynterview mei omkesizzer Reinder Posthuma út Wommels. Raerd Yn 1947 skriuwe Catharinus van der Werf en Trees van der Meer mekoar brieven. Ynterview mei soan Nico van der Werf út Raerd. Eastermar Yn de jierren 1945 en 1946 skriuwe Bouwe van der Meulen en Syp Hulshoff mekoar brieven. Ynterview mei dochter Antsje Schoenmakers út Eastermar. St. Jabik Ut Ynje wei skriuwt Tjamme Valk yn 1950 brieven oan Janke Siesling. Ynterview mei tantesizzer IJmie Kingma út Dronryp. Jiskenhuzen Yn de jierren 1948 oant 1950 skriuwt Klaas Kuperus oan Tini Hoogland. De earste brief is fan 30 jannewaris 1948 as Klaas mei de boat ôfreizget nei Ynje ta. Ynterview mei Klaas Kuperus. De hear Kuperus is ferstoarn op 8 april 2014. De Hoarnstersweach Yn 1955 skriuwt Aise Kramer oan Afke Posthuma, as hy op de kazerne yn Ossendrecht ferbliuwt. Ynterview mei Afke Kramer út Lippenhuzen. Easterein Yn de jierren 50 skriuwe Douwe Houtsma en Carlie de Bruin mekoar brieven. Ynterview mei Carlie Houtsma-de Bruin út Wommels. Drachtsterkompenije Yn 1956 skriuwt Hans de Jong brieven oan Gaatske Posthumus. Ut Assen wei, mar ek as Hans op de kazerne yn Wietzendorf ferbliuwt, skriuwt hy oan har. Ynterview mei famylje De Jong. Boarnburgum Yn 1970 en 1971 skriuwe Johannes Baarsma en Trudi Krap mekoar brieven. Ynterview mei famylje Baarsma.