Porsche onder de kippen is er nu ook in roodkoekoek

DE VEENHOOP - Harm Jan Brink is kippenfokker. En een goeie. Begin deze maand werd de 24-jarige Veenhoopster nog Europees kampioen met een Friese goudpelhen. Nog knapper: hij slaagde er met twee compagnons in om een al honderd jaar verdwenen kleurslag terug te fokken, de roodkoekoek.

Tekst en foto's Fokke Wester  Harm Jan Brink heeft het kippenfokken niet van een vreemde. Zijn pake Harm de Roos had tot 1996 in Hemrik een kippenfokkerij met 20.000 moederdieren. De eieren daarvan werden uitgebroed om leghennen te leveren voor andere bedrijven. ,,Pake wie echt pikegek, hy hat der syn hiele libben mei dwaande west. Doe't pake útkocht waard, krige ik myn earste hinnen. Earder mocht dat net, om sykten yn syn hokken te foarkommen. Dy earsten fan pake, dat wie eins wat in soadsje. Yn 1998 haw ik Brahma's krigen, in âlde soart út Nepal en twa jier letter krige ik myn earste Fryske hintsjes. Dy hie pake al, mar ik fûn se ek hiel moai.'' Oerkip Het Friese hoen is een oud ras, dat al voorkwam op de terpen in de vroege middeleeuwen. Bodemvondsten van kippenbotjes wijzen daar op. Volgens deskundigen staat het Friese ras heel dicht bij het Bankiva-hoen, de oerkip waarmee ooit, zo'n 8000 jaar geleden in Zuidoost-Azië de domesticatie begon en waarvan alle latere kippenrassen afstammen. Het Friese ras bleef goed bewaard in de afgelegen gebieden. Ook chauvinisme speelde daarbij een rol. ,,Friezen wienen grutsk op har eigen hinneras. De hinnen fan no lykje noch altyd hiel bot op dy fan lang lyn. Se soenen it ek noch hiel goed rêde yn de frije natuer. Se kinne goed fleane, se komme sa oer it hûs hinne. Se binne ek tûk. As ik in Fryske hin nei it ferhûzjen ien kear op stok set, kin er dat fuort, dus yn de natuer sit er sa yn in beam. Ik ha ek brahma's, dy moat ik alle wiken opnij op stok sette foardat se it troch ha. In Fryske hin skarrelt syn kostje wol by mekoar en hy is hiel alert.'' Fanclub De Fryske Hinneklub staat tegenwoordig borg voor het voortbestaan van het ras. Elke kippensoort heeft wel zijn fanclub, maar de Fryske Hinneklub is met zijn tweehonderd leden een van de grootste. In heel Nederland zijn zo'n zestig fokkers actief met het kweken van jonge dieren, ongeveer evenveel als in Duitsland.  Dat mensen voor het dier vallen, vindt Brink niet zo vreemd. ,,It is in hiel moai, statich bist, elegant, mei it boarst heech droegen. De Fryske hin strielet wat út, ek al is it de lytste fan de grutte hinnesoarten.'' De Friese kip telt twaalf kleurslagen. De kip komt voor in de enkele kleuren zwart, wit, blauw, zandgeel, koekoek en zwartbont. Daarnaast zijn er zes gepelde kleurslagen: zilver-, goud-, rood-, geelwit- en citroenpel en roodbont. Het woord pel komt van de kleine zwarte vlekken in de veren, in de vorm van een tarwekorrel. Van elke kleurslag bestaat ook een krielversie, behalve van de zandgeel. Harm Jan Brink richt zich vooral op de goudpel. Met een van die hennen werd hij vorige maand kampioen op de Europashow voor Friese hoenders en krielen in het Duitse Harsewinkel. De show werd voor het eerst georganiseerd door de Duitse Friese hoenderclub en de Fryske hinneklup uit Nederland.  De titel betekent zoveel als het Europees kampioenschap. Zeldzaam mooi De laatste jaren heeft Brink zich ook intensief bezig gehouden met de terugkeer van de roodkoekoek. Samen met Joop Petter uit Langezwaag en Geert van den Berg uit Bontebok heeft hij er voor gezorgd dat de uitgestorven kleurslag tegenwoordig weer bestaat. Petter en Van den Berg waren al een aantal jaren bezig met het terugfokken van de kleur, die rond 1900 voor het laatst werd beschreven in twee artikelen. De roodkoekoek werd daarin vergeleken met de andere kleurslagen zeldzaam mooi genoemd. Petter en Van den Berg baseerden zich bij hun activiteiten op een schema dat door een deskundige was uitgedokterd. Door steeds bepaalde kleuren kippen en hanen te combineren, zou volgens het schema het oude roodkoekoek terug gehaald kunnen worden. ,,Dat skema fan krusings fan besteande Fryske hinnen blykte dochs net te wurkjen, dat doe haw ik sels in plan betocht. It grutste ferskil mei it skema wie dat ik in hin fan bûten brûkt ha, in reade leghorn. Dy haw ik kruse mei in koekoeks Fries. En dat slagge. Al nei twa jier hienen wy de kleur goed. Wy binne no oan it wurk om ek it model fan de hin en de kleur fan de poaten wer te krijen sa't it heart. Wy ha earst in ideaalbyld opsteld, want der wie net in plaatsje fan de readkoekoek. En doe ha wy dêr nei ta wurke. Der is al mei al tsien jier oer dien.'' Eye-catcher De eerste roodkoekoekdieren zijn enkele weken geleden gepresenteerd op een hoendershow in Drachten. ,,En de reaksjes wienen hiel posityf. Foaral de hoanne is in echte eye-catcher. Mar wy binne der noch net. Der sille noch in pear generaasjes oerhinne gean. En mei ien generaasje yn't jier soenen wy om 2018 hinne sa fier wêze kinne dat wy de erkenning oanfreegje meie. Dan moatte wy earst nei de Fryske Hinneklub en letter nei de lanlike Kleindieren Liefhebbers Vereniging. Op de Bondsshow moatst de hin dan toane, dan moat er echt oan de standerd foldwaan.'' ,,De koekoeksread is in hiel unike kleur, dat it slagge is jout echt in kick. Wy ha no in stik as fyftjin hinnen yn de goeie kleur, mar dy binne net allegear geskikt om mei te fokken. Ik ferkeapje se ek al, mar dat binne dan koekoeksreaden mei soms in 'schoonheidsfoutsje'. Joop, Geart en ik komme regelmjittich by inoar. It is in hiel brede hobby, jo kinne it sa yngewikkeld meitsje as jo wolle. It is net allinnich puere wittenskip, it komt ek oan op fingerspitzengefühl. Ik besykje it allegear wol theoretysk út te dokterjen en dan is genetyske kennis hiel handich, mar op it gefoel wurket it noch altyd it bêste.'' Beetje idioot Het fokken is een tik, zegt Brink, je moet er een beetje idioot voor zijn. Maar in feite hangt daar wel het voortbestaan van het ras vanaf. ,,Der binne tûzenen sulverpel-hinnen, mar der binne miskien mar fiif of seis minsken echt doelbewust mei dwaande.'' Brink kent maar twee fokkers die zich richten op de zwarte hen. Als die er mee stoppen, kan dat het einde van de kleur betekenen. ,,Dat is wol in soarch. De swarte wurdt al seldsum, mar fan de witen binne der noch mar in pear tsientallen. It is hast tiid foar de needklok. Wat mear fokkers soenen hiel wolkom wêze om it ras ek foar de takomst te behâlden. Der is noch wol genôch materiaal om fierder op te bouwen, mar it kin allinnich mar trochgean as der hieltyd wer nije fokkers by komme. Dêrfoar moat de hin mear sichtber wurde, minsken witte net mear dat er der is. It soe ek goed wêze as de Fryske hin oer de hiele wrâld foarkomme soe. En hy fertsjinnet dat ek. It is echt de Porsche ûnder de hinnen.'' Rond 2000 is de zandgeel terug gefokt van weggeweest. Dat is ook de reden dat de kleur bij de krielen nog niet bestaat. ,,Der moat ien mei oan'e gong en dat bart net. Foar ús trijen soe it in logyske stap wêze om de koekoeksread ek as kriel werom te heljen. Dat kin troch de grutte hin te ferdwergjen. Sa kinst ek in lytsen fergrutsje. It foardiel fan krielhinnen is datst minder rûmte noadich hast. Dy krieltsjes binne om 1930 hinne weromfokt. Dat hat doe in skoft sa'n rage west, it is eins in soart bonsai-hin. Hy fret ek in stik minder, mar de aaien binne wol sawat like grut, dus it is folle effisjinter om krieltsjes te hâlden.'' Brink verdeelt zijn aandacht tussen de roodkoekoek en de goudpel. Van die laatste soort heeft hij acht goede hanen en twaalf hennen. ,,Ik wol trije hoannen en fiif hinnen oerhâlde om mei fierder te gean, de rest ferkeapje ik. Der is wol fraach nei, want se lizze sa'n 200 aaien yn't jier. Sjochst se hjir yn'e buert ek in soad. Dat komt omdat der in grut oanbod is, mar it is tink ik ek út sjauvinisme dat minsken graach Fryske hintsjes ha wolle. It binne ek moaie pykjes om te sjen, dus wat wolst noch mear.'' Gjin stambeam Dat die ene goudpelkip Europees kampioen is, maakt haar nu niet ineens een ster voor de fokkerij. ,,As it in hynder of in do wie, soe dat de basis fan in hiele goeie line wurde kinne, mar dat is by hinnen net perfoarst sa. Dêrom smyt sa'n hin ek net ynienen in protte jild op. Ik ha eins noait goed fokt mei hiele goeie hinnen. Ik fok der wol mei, want sy hat wol in tal goeie eigenskippen. Dêrom set ik aanst in soan der by. By hynders binne se deabenaud foar yntylt, mar dat spilet by hinnen in minder grutte rol. Dêrom ha se by hinnen ek gjin stambeam. Sa'n hin leit twahûndert aaien en by sa'n grut tal potinsjele neikommelingen kinst folle makliker selektearje op fitaliteit.'' Goed presteren op de wedstrijden komt vooral aan op timing, stelt Brink. Als je weet wanneer de show is, en je weet dat een hen na 22 weken op haar mooist is, is het gewoon aftellen naar het moment waarop moederhen en vaderhaan bij elkaar gezet moeten worden. Op shows zit hij dan ook meestal wel bij de top. Brink broedt alle eieren in principe uit in de broedmachine. ,,In brodske hin op in nust aaien is wol in hiel moai gesicht, mar ast echt planne wolst, kinst net sûnder masjine. In hin kin tolve aaien by, yn de masjine kinne santich, tachtich. Ik bried elk jier hûndert aaien út, dan soe'k in hiel soad hinnen noadich ha.'' Oer hûndert jier Van het fokken van kippen wordt niemand rijk. Brink is dan ook al tevreden als hij met de verkoop van broedeieren en jonge vogels zijn voerkosten er uit krijgt. ,,Mar it jout wol in hiel soad foldwaning, genôch om der alle dagen mei dwaande te wêzen. Elk jier sjoch ik wat ik dien ha en dan bepaal ik it doel foar oar jier. Sa fyn ik no myn goudpel wat te donker, dus dy wol ik wat ljochter ha. By de klup sit ik ek yn de foktechnyske kommisje, wy hâlde yn'e gaten wat der allegear bart. Wy sjogge ek nei de trends, wat kleur en foarm oangiet. It doel fan de klub is der foar te soargjen dat dy Fryske hin der oer hûndert jier noch altyd is. En yn de kleuren dy't der no binne. Mei dy koekoeksread is de soart no wer kompleet.'' Het zou een enorme uitdaging zijn om een heel nieuwe kleur te produceren, vindt Brink. ,,Der is bygelyks in Isabelpearelgriispel, dêr ha se in gen ynfokt dy't soarget dat it swart wat opljochtet. Mar ik kin my hiel goed fine yn wat der no is. No't de readkoekoekfearrige werom is, haw ik eins gjin winsken mear.'' www.friesehoenderclub.nl