Wurkbesite FNP Achtkarspelen oan SWA Bûtenpost

Bûtenpost In delegaasje fan de fraksje en bestjoer FNP Achtkarspelen is op wurkbesite west by Stichting Wenningbou Achtkarspelen (SWA) yn Bûtenpost. We waarden ûntfongen troch de direkteur Heida en de 2 managers de heren Douma en v/d Werf.

Under it genot fan in bakje kofje mei cake fertelde dhr. Heida, oanfult troch de beide oare heren, entûsjast oer syn bedriuw. De SWA bout, ferbout en ferhiert wenningen oan minsken yn Achtkarspelen.

De SWA hat 2976 wenningen yn de ferhier yn Achtkarspelen, mar de fraach is noch grut. Op it stuit steane 1493 minsken op de wachtlist foar in hierwenning yn Achtkarspelen. It wenningbesit yn Achtkarspelen kinne jo ferdiele yn 70% eigen wenning-besit en 30% is de hierwenning-sektor.

De SWA is allinnich mar wurksum yn Achtkarspelen en dêrmei kin je sizze dat it in wichtich bedriuw is foar hiel Achtkarspelen. Ek binne se net fan doel om har wurksumheden nei oare gemeenten út te wreidzjen, nee Achtkarspelen is en bliuwt har wurkgebiet. Op dit stuit wurkje der 29 minsken yn de binnen en bûtentsjinst by de SWA. De SWA is oprjochte in it jier 1907 en yn 1908 binne de earste hûzen oplevere. Dus de SWA bestiet al mear dan 110 jier en is in libbend en finansjieel sûn bedriuw.

De SWA hat goede kontakten mei de gemeente Achtkarspelen, dit is ek wichtich fine se, want mei mekoar kinne jo mear berikke dan allinnich. De SWA is net in bedriuw dy út is om grutte winst te meitsjen. It eachmerk fan de SWA is sosjale wenningbou. Se wolle foarsjen in noflik en betelber wenjen foar de minsken, foaral ek foar de minsken mei in smelle beurs.

De takomst is foaral bouwen foar minsken op leeftiid, dus libbens-loop bestendig bouwen. Ek de duorsumheid is hjoed de dei tige wichtich by it bouwen fan nije wenningen, bygelyks gasleas bouwen moat no fan it Ryk. De SWA fynt dat it bouwen fan wenningen yn alle doarpen fan Achtkarspelen mooglik wêze moat. Fansels krije de grutte doarpen wat mear, mar ek de lytse meie net ferjitten wurde.