Lêste wiken fan It gelok fan Fryslân gean net troch

Kollum - Nei oanlieding fan de lêste parsekonferinsje hat Tryater besletten om It gelok fan Fryslân yn Reduzum, Kollum en Winaam net troch gean te litten.

Hoewol’t It gelok fan Fryslân coronaproof is en de oardel meter ôfstân tusken minsken garandearre wurde kin, hat it ‘ferbod op eveneminten’ ‘beheining fan kontaktmominten’ en ‘sa min mooglik reizgje’ de trochslach foar dit beslút jûn.

Tryater giet op syk nei de mooglikheid om It gelok fan Fryslân yn dizze trije doarpen troch te skowen nei de maitiid.

It beslút om ein novimber It gelok fan Fryslân plak fine te litten yn it ramt fan Explore the North wurdt makke op momint dat der mear dúdlik is oer de mogelijkheden binnen de maatregels.